Blidens: ferskil tusken ferzjes

3 bytes grutter ,  11 jier lyn
tf, red
L (r2.5.1) (Bot - fuort: pl:Radość (emocja))
(tf, red)
[[Ofbyld:GuysSparkler.JPG|thumb|225px|]]
'''Blidens''' of '''wille''' is in positive [[emoasje]] by minsken of bisten, in tefredenheid mei de omstannichheden of omjouwing. Wa't bliid of lokkich is, ûnderfynt gjin gebrek of [[stress]], hat positive gefoelens oer de omjouwing of himsels en hat dan ek net folle ferlet om de omstannichheden te wizigjen. In bekende utering fan wille is [[Laitsje (humor)|laitsje]], mar soms kin ien ek [[gûle]] fan blidens. As de positive gefoelens langere tiid oanhâlde, sprekt menwurdt fan [[gelok (emoasje)|gelok]] sprekke. Yntinse, dertene wille wurdt [[eufory]] neamd.<br>
Fakentiden ûntstiet de emoasje as oan in langstme foldien wurdt, mar de langstme sels kin ek al in posityf gefoel jaan. It is hjirby wol fan belang dat dit langstme in werklik langstme fan in yndividu is. Faak betizet ien in maatskiplik of kollektyf [[ideaal]] mei syn of har yndividueel langstme. As by it ferwerklikjen fan dit ideaal blykt dat it net de foldwaning jout dy't de persoan ferwachte hie (bygelyks: "jild makket lokkich"), levert dit negative emoasjes op, lykas teloarstelling of ferbittering.
 
Blidens komt faak foar as reaksje op in tsjinstelde, negative emoasje. Ien dy't bygelyks [[stress|spand]] is, is ferromme of bliid as de spanning ferdwynt, wylst dêrfoar de situaasje as neutraal oanfield waard. Minsken dy't genêzen binne fan in slimme sykte, hawwe faak in positiver byld op it libben.
 
De emoasje hat in soad gradaasjes, fan in noflike jûn mei freonen oant de oerdonderjende lokkigens fan freealensferealens. Wat immen bliid of lokkich makket, ferskilt fan persoan ta persoan, mar hast elkenien hat positive gefoelens oer [[seksualiteit]]. Yn de biology wurdt noch ûndersocht oft dit in evolúsjonêre oarsaak hat.
 
Neurologysk spilet de [[neurotransmitter]] [[serotonine]] in grutte rol by it fielen fan blidens en wolwêzen. De gefoelens wurde soms neimalke mei [[drugs]] as [[heroïne]], dy't de wurking fan [[dopamineblokkers]] tsjingean. Dit is wat dizze middels sa gefaarlik oantreklik makket, meidat it te maklik is om in goed gefoel te krijen, mar dat it te koart wurket, wêrtroch't der mear fan it middel nedich is (ferslaving fan gefoelens).
19.977

bewurkings