Coopersburg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Deu (oerlis | bydragen)
L Bewurkings fan "77.248.82.177" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Swarte Kees".
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
Rigel 2:
'''Coopersburg''' is in tehûs foar 44 âlden fan dagen oan de Ljouwerter Strjitwei yn [[Akkrum]]. It tehús waard op [[8 maaie]] [[1901]] stiften troch [[Folkert Harmens Kuipers]],letter liet er him Frank H. Cooper neame. Nei 1970 kamen ek minsken allinnich yn oanmerking foar in húske yn Coopersburg.
 
== Skiednis ==
 
Yn [[1866]] emigrearre de jonge ûndernimmende [[Folkert Harmens Kuipers]] (23 jier âld) út Akkrum wei nei de Feriene Steaten fan Amearika. By syn earste omswalkingen kaam er yn stêden as Buffalo en Chicago, wêrdêr't er in ûndernimming begûn. Hy bedarre op't lêst yn New Yorkotte yn New York, wêr't er tegearre mei in kompanjon in grut warehûs oprjochte dat noch altyd bestiet, fergelykber mei Harrods of La Fayette. Op dit gebou liet hy in fjoertoer sette, dy't jûns en nachts syn ljochtbondel oer New York skine liet in dit warehûs yn de belangstelling te setten. Yn lettere jierren is dizze fjoertoer weihelle troch oare ûndernimmers.
 
== Regintekeamer ==
[[Ofbyld:Pinne mei inkt in de regintekeamer.jpg|thumb|Skriuwark yn de regintekeamer fan Coopersburg]]
Yn it sintrale gedielte fan Coopersburg sit ek de Regintekeamer. Yn de keamer hinget in skilderij fan it grutte warehûs fan F.H. Cooper (Kuipers) en Ziegler yn New York.
Rigel 12:
In de Regintekeamer stiet op in taffeltsje wat antyk skriuwerij-ark.
== Oer Folkert Harmens Kuipers ==
Hy waard in begoedige sakeman, mar kaam dochs alle jierren werom nei syn bertedoarp om by syn âlden oan te gean. Hy wie rekke troch de earmoede fan de âlderein dy’t er om him hinne seach, en rjochte in stifting op. Dizze stifting hie as doel om earmelju ûnderdak en fersoarging te jaan yn in fersoargingstehûs dat yn 1900 klear wie en de namme fan de woldogger krige: Coopersburg. Kuipers hie him nammentlik yn Amearika omdope litten yn Frank H. Cooper.
De âldere bewenners krigen sels alle wiken bûsjild, in unikum yn dy tiid.
== Mausoleum ==
[[Ofbyld:Mausoleum Coopersburg.jpg|thumb|Mausoleum Coopersburg]]
Efter en njonken Coopersburg is in mausoleum yn âlde steat, wêryn de beide lichems fan Kuipers en syn frou byset binne. Op de sydmuorren fan it mausoleum binne twa moarmeren platen oanbrocht mei de teksten:
Rigel 33:
Tige tafallich is dat se beide op 31 desimber ferstoarn binne, al is it net yn itselde jier. Boppe de yngong fan it mausoleum steane de byltnissen fan Kuipers en syn frou [[Antoinetta Gerardina de Graaff]], berne op [[8 novimber]] [[1846]] yn Middelburg.
 
== Tún ==
 
De wenten fan Coopersburg stean yn in park mei in karperfiver. In soad Akkrumers tinke noch faak oan de tiid werom doe’t in soad pearkes op de bankjes ynprieeltsjes yn it park sieten.Der stiet ek in tige spesjale sinnewizer. De tiden binne ôf te lêzen troch de sinnestrielen en de hoeken fan dizze sinnewizer.
 
== Bylden ==
<gallery>
Ofbyld:Byltnis fan Kuipers en syn frou boppe it mausoleum.jpg|Byltnis fan Kuipers en syn frou boppe it mausoleum
Line 45 ⟶ 44:
</gallery>
 
== Keppeling om utens ==
 
==Keppeling om utens==
*[http://blog.seniorennet.be/kes_3/ - blog oer Coopersburg]