Falklânoarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wurkleas
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ôfbyld Belgrano der b
Rigel 1:
[[Ofbyld:FalklandsWarMontage3.jpg|thumb|]]
 
De '''Falklânoarloch''' wie yn [[1982]] tusken it [[Feriene Keninkryk]] en [[Argentynje]]. Ynset wienen de [[Falklâneilannen]], troch Argentynje ''Islas Malvinas'' neamd, en [[Súd-Georgje]].
 
Line 6 ⟶ 7:
Yn [[1981]] besleat de Argentynske [[junta]] fan [[Leopoldo Galtieri]] gebrûk te meitsjen fan [[nasjonalisme|nasjonalisyske]] gefoelens en de Falklâneilannen te besetten, om sa de oandacht ôf te lieden fan ynterne problemen. De Argentynske legerlieding hie der net op rekkene dat it Feriene Keninkryk, dat yn dy tiid swiere ekonomyske en sosjale problemen hie, op de besetting reageare soe. Dit blykte in misfetting omdat krektsa premier [[Margaret Thatcher]] de oanfal om deselde redenen brûkte om it lân te werienjen en tagelyk har folgende ferkiezingsoerwinning feilich te stellen.
Argentynje ferovere en besette yn maart en april fan [[1982]] de eilannen op de Ingelsken. Hjirop ferklearre it Feriene keninkryk de oarloch oan Argentynje. Yn juny lannen Ingelse troepen op de Falklâneilannen. De Britten wisten de eilannen frij ienfâldich te weroverjen. De oarloch koste oan 649 Argentinen en 258 Britten it libben.
[[Ofbyld:ARA Belgrano sinking.jpg|thumb|''Sinkende Belgrano'']]
 
Troch dizze oarloch binne benammen twa oarlochsskippen bekend wurden: de Argentynske lichte [[kruser]] ''[[General Belgrano (schip)|ARA General Belgrano]]'' en de Britse [[torpedoboatjager]] ''[[HMS Sheffield]]''. De Belgrano wie oarspronklik in Amerikaans oarlochsskip dat de [[oanfal op Pearl Harbor]] trochstien hie. De ''Conqueror'', in nukleêr oandreaune Britske [[ûnderseeboat]], wie ferantwurdlik foar de oanfal mei [[torpedo (wapen)|torpedo]]'s dy't noch út de [[Twadde Wrâldoarloch]] datearren. By de oanfal op de Belgrano foelen in soad deaden. Gefolch fan it sinken van de Belgrano wie dat de Argentynske fleat wer de haven yngie en der net wer útkaam, wêrtroch't se gjin gefaar mear foarme foar de Britse fleat. De Belgrano is it ienige skip dat yn oarlochtstiid troch in nukleêr oandreaune ûnderseeboat te sink brocht is. Der wie, en is noch altiten, kontroverse oer de oanfal op de Belgrano omdat dizze by de oanfal bûten de saneamde 'war exclusion zone' wie en har farrjochting fan de eilannen ôf wie. Der wurdt beweard dat de oanfal in ferjilding wie foar de folle swierdere ferliezen fan de Britse fleat as't ferwachte wie, benammen troch de ûnderskatting fan de [[Argentynske loftmacht]] troch de Britten. Oaren wolle ha dat de Argentinen yn inselde gefal krektlyk reageard hawwe soenen.