Falklânoarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tf's + red
twa tuskenkopkes oanbrocht
Rigel 3:
De '''Falklânoarloch''' wie in wapenekonflikt yn [[1982]] tusken it [[Feriene Keninkryk]] en [[Argentynje]]. Ynset wienen de [[Falklâneilannen]], troch Argentynje ''Islas Malvinas'' neamd, en [[Súd-Georgje]].
 
== Eftergrûn ==
De Falklâneilannen waarden yn [[1592]] ûntdekt troch de Ingelsman [[John Davis (ûntdekkingsreizger)|John Davis]]. Hy neamde de arsjipel ''Falklands'', nei de destiidske skatbewarder fan de marine. De Frânsman [[Louis-Antoine de Bougainville]], ôfkomstich út [[Saint-Malo]], sette der foet oan wâl yn [[1763]] en neamde de eilannekloft de ''Îles Malouines''. Yn [[1765]] fêstigen de Britten der in koloanje. De Falklâneilannen waarden yn [[1831]] opeaske troch Argentynje, mar yn [[1833]] ûnderstreken de Britten har soevereiniteit. De eilannen kamen ûnder Britske kontrôle te stean, mar Argentynje easke se sûnttiids geregeldwei op.
 
Yn [[1981]] besleat de Argentynske [[junta]] fan [[Leopoldo Galtieri]] gebrûk te meitsjen fan [[nasjonalisme|nasjonalisyske]] gefoelens en de Falklâneilannen te besetten, om sa de oandacht ôf te lieden fan ynterne problemen. De Argentynske legerlieding hie der net op rekkene dat it Feriene Keninkryk, dat yn dy tiid swiere ekonomyske en sosjale problemen hie, fûleindich op de besetting reageare soe. Dat blykte in misfetting omdat krektsa premier [[Margaret Thatcher]] de oanfal om deselde redenen brûkte om it lân te werienjen en tagelyk har folgende ferkiezingsoerwinning feilich te stellen.
 
== Ferrin fan de Kriich ==
Argentynje ferovere en besette yn maart en april fan [[1982]] de eilannen op de Ingelsken. Hjirop ferklearre it Feriene keninkryk de oarloch oan Argentynje. Yn juny lannen Ingelske troepen op de Falklâneilannen. De Britten wisten de eilannen frij ienfâldich te weroverjen. De oarloch koste oan 649 Argentinen en 258 Britten it libben.