Shorttrack: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.5.2) (Bot - derby: hy:Շորթ թրեկ
MeinRei (oerlis | bydragen)
red
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
Shorttrack is ûnstien yn [[Noard-Amearika]] dêr't in groepsstart by it reedriden wenst wie. Sa waarden de baanrydnûmers op de [[Olympyske Winterspullen]] fan [[1932]] yn [[Lake Placid (plak yn New York)|Lake Placid]] ek op dy wize ôfwurke, wat de dielnimmers út de rest fan de wrâld net wend wienen.
 
Om't kompetysjes faak binnen hâlden waarden, wat yn dy tiid betsjutte dat de baan lytser waard as bûten, hat shorttrack in oare ûntwikkeling trochmakke as it baanriden. Om't de measte binnenbanen iishockeybanen wienen, is dat de standert wurden.
Rigel 10:
 
== Omskriuwing ==
In oerienkomst dy't it Shortrack hat mei it [[koartebaanridenkoartebaan]]riden sa't we dat yn Nederlân, en benammen yn Fryslân kenne, is dat de toernoaien neffens in ôffalsysteem ôfwurke wurde. Tiden en rekôrs telle folle minder as by it langebaanriden. Dêrtroch binne it mear taktyk en akrobatyk dy't by shorttrack om'e hoeke komme.
 
De standertbaan is de iishockeybaan fan 30 by 60 meter. De muorren fan de hal wurdt sêft beklaaid, en de dielnimmers hawwe beskermjende klean en helmen. Dat moat ek om't de bochten skerp binne, en de faasje wol oant 30 km/oere oprinne kin. Om't der in soad bochten nommen wurde moatte, brûke de dielnimmers redens mei izers dy't nei lofts set binne, nei de binnenkant fan de bocht.