Francesco Carotta: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 7:
== Diegetyske transposysje ==
Nei it fergelykjen fan de ferslaggen oer [[Julius Caesar]] (± 100 f. Kr. - 44 f. Kr) en de [[Romeinske Boargerkriich]] fan de histoarisy [[Libbens fan de Tolve Caesars|Suetonius]], [[Appianus]], [[Kassius Dio]] en [[Plutarchus]] mei it [[Evangeelje fan Markus]], kaam Carotta ta de konlúzje dat Markus syn ferhaal oer [[Jezus]] basearre wie op de [[Divus Iulius]]-kultus, de kultus fan de fergodlike [[Julius Caesar]]. Carotta wol hawwe dat it [[Evangeelje fan Markus]] it ferhaal is fan de Romeinske boargeroarloch fan Caesar's oerstekken fan de [[Rubikon]] oant syn dea, begraffenis en de ein fan de republyk, yn in ferbastere foarm fannijs beskriuwt; Jezus syn libben en ferkundiging fan syn doop yn Jordaan oant syn fêstnimming, [[Krusiging fan Jezus|krusiging]] en [[Opstanning fan Jezus|opstanning]] as parallel fan Ceasars lêste jierren. <ref> Carotta ferwiist nei de teolooch Ethelbert Stauffer dy't selde skaaimerken sjocht tussen beide leidenskiednissen fan Caesar en Kristus. [[nl.wikipedia.org/wiki/Ethelbert_Stauffer]] </ref>
Carotta brûkt foar de ferklearring fan it ûntstean fan it evangeelje in term fan [[Gérard Genette]],<ref>Gérard Genette, ''Palimpsestes: La littérature au second degré'', Paris 1982</ref> , ''[[diegesis|diegetyske]] transposysje'' (it op’en nij ferheljen fan in ferhaal yn in oare romtlike en/of tiid kontekst) ; it nije ier-kristlike ferhaal oer Jezus mei tekstferoarings dat him yn in oar gebiet ôfspilet, soe ûntstien wêze troch in proses fan kopiëarflaters, ferkeard oersette wurden, foute útlis fan wurden en oanpassings en redaksje yn in oare kulturele kontekst om politike redenen.
De úteinlike foarm fan de nije religy, dy’t de Juliaanske kultus fannijs útlizze moast mei as doel dat dy de Flaviaanske polityk, benammen foar Palestina, fertuten dwaan soe, waard ynfierd ûnder [[Fespasianus]] en de histoarikus [[Flavius Josephus]], waans ‘’vita’’ ek de basis foarme foar it libbensferhaal fan de apostel Paulus sa’t dat ferhelle wurdt yn Hannelingen fan de Apostels, haadstik 2. Neffens Carotta is [[Jezus]] dêrom de Divus Iulius fan de Flaviaanske dynasty ([[69]] – [[96]]).
Benammen de Flaviaan keizer [[Konstantyn de Grutte]], dy’t it Kristendom foar syn ryk omearme, soe him tige bewust west hawwe fan it strategysk potinsjeel fan de Julius-kultus yn de nije foarm.