Terp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Wat oanfollings en korreksjes, en wat omboud.
DDurk (oerlis | bydragen)
lytse tafoeging
Rigel 2:
 
== Needsaak ==
Fryslân is foarme ûnder de ynfloed fan de see, en de see hat lange tiid frij spul op it Fryske lân hân. By [[seestiging]]en strûpte de see it lân der ûnder, wat foar de earste bewenners fan Fryslân altyd reden wie har hjir net permanint te wenjen te setten. Om 700 foar Kristus hinne setten minsken har op de hegere kwelderwâlen te wenjen, en doe’t rûn 500 foar Kristus wer in seestiging kaam, wie it foar guon mei in opheging fan har wenstee út te hâlden. Yn de tiden tusken seestigings waard it mûglikmooglik ek op oare plakken te wenjen, en om't der mear minsken kamen wie dêr ek ferlet fan. Dêrnei waard der by eltse nije seestiging in nije generaasje terpen boud.
 
Der binne sa fjouwer generaasjes fan terpen: fan 500 foar Kristus, fan 200 nei Kristus, fan 700 nei Kristus en fan nei it jier 1000. It oanlizzen fan de [[seedyk|seediken]] makke dat der by de seestiging fan de fjirde generaasje al minder ferlet fan terpen wie, en nije terpegeneraasjes binne der net mear kaam.
Rigel 9:
 
== Bou ==
Terpen waarden opwurpen troch dong en seadden út de kwelder yn lagen te steapeljen. Yn de rin fan de tiid kaam hjir ek noch dong en de resten fan de tige fergonklike huzen by. Sa waarden terpen hieltyd heger. Terpen wiene meast ovaal fan foarm, mei skean ôfrinnende siden.
TerpenDer wienebinne meastferskeidene ovaalsoarten fanterpen: foarmlege terpen sûnder bebouwing bedoeld as flechtplak foar fee, meiterpen skeanfoar ôfrinnendein sideninkelde wenstee - hústerpen, en terpen foar meardere huzen - doarpsterpen. Boppe-op hús- en doarpsterpen stienen de huzen om in fiver mei farsk wetter hinne. Letter waard de fiver op terpdoarpen meastal ferfongen troch in tsjerke. De foarein fan de huzen stie nei it midden, en de efterein nei bûten. Ut it efterein waard dan de mjokse fan de bisten gewoan de skeante del smiten. Dêrom waarden dizze skeanten brûkt foar lânbou: hja wienen net sa wiet as it legere gerslân en troch de dong tige fruchtber.
 
Tusken [[Fly]] en [[Lauwers]] hawwe der al mear as tûzen terpen west. Dit hawwe foar in part ''hústerpen'' west, dêr't mar ien pleats op stie, mar in oar part wie ''doarpsterpen''. Guon terpen hienen plak foar in grut doarp mei ekstra romte tafoege foar lânbou. De grutste bekende terp wie dy fan [[Ezinge]], dy't 24 ha. grut wie.