Ferskil tusken ferzjes fan "Terp"

1 byte grutter ,  14 jier lyn
(lytse tafoeging)
== Bou ==
Terpen waarden opwurpen troch dong en seadden út de kwelder yn lagen te steapeljen. Yn de rin fan de tiid kaam hjir ek noch dong en de resten fan de tige fergonklike huzen by. Sa waarden terpen hieltyd heger. Terpen wiene meast ovaal fan foarm, mei skean ôfrinnende siden.
 
Der binne ferskeidene soarten terpen: lege terpen sûnder bebouwing bedoeld as flechtplak foar fee, terpen foar in inkelde wenstee - hústerpen, en terpen foar meardere huzen - doarpsterpen. Boppe-op hús- en doarpsterpen stienen de huzen om in fiver mei farsk wetter hinne. Letter waard de fiver op terpdoarpen meastal ferfongen troch in tsjerke. De foarein fan de huzen stie nei it midden, en de efterein nei bûten. Ut it efterein waard dan de mjokse fan de bisten gewoan de skeante del smiten. Dêrom waarden dizze skeanten brûkt foar lânbou: hja wienen net sa wiet as it legere gerslân en troch de dong tige fruchtber.
 
134

bewurkings