Sâltnomade: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st.
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
Rigel 1:
[[Ofbyld:Bundesarchiv Bild 135-S-06-15-19, Tibetexpedition, Jakkarawane.jpg|thumb|350px|''De [[jak]] wurdt in protte brûkt yn de karavanen'']]
In '''sâltnomade''' is in [[nomade]] yn [[Tibet]] dy’t [[sâlt]] (yn de foarm fan halyt, stiensâlt) yn in [[karavaan]] fan de heger lizzende dielen yn de [[Himalaya]] nei de legere gebieten ferfiert om it troch [[ruilhannel]] te wikseljen foar [[koarn]] en oar [[steapelfiedsel]] (''staple food'', basisfiedsel). Sâltnomaden folgen ûnder oaren de [[Teerûte|Tee-Hynsterûtete]], ek wol súdlike [[siderûte]] hjitten.
 
Rigel 5:
De tochten binne 50 oant 100 kilometer lang. De karavanen kinne út hûnderten [[jak]]s, mei it sâlt op de rêch, bestean. De sâltkaravanen binne omjûn mei rituelen út it [[Tibetaansk boedisme]] en de [[Tibetaanske astrology]], bygelyks de datum fan fuortgean, it bepalen fan de rûte en it tiidstip fan opslaan fan kampeminten ûnderweis, wurde sekuer bepaald.
 
De sâltkaravanen hawwe anno [[2000]] konkurrinsje fan SjineeskeSineeske hannelers dy’t it sâlt mei frachtweinen ferfiere. De moderne metoade fan sâltwinning feroarsaket legere prizen en dêrom binne der net safolle nomaden mear oer dy't de drege winning beoefenje en de drege tochten nei de koarnboeren meitsje.
 
De sâltkaravanen wienen it ûnderwerp fan de [[Dútslân|Dútske]]-[[Switserlân|Switserske]] [[dokumintêre]] ''Die Salzmänner von Tibet'' út [[1997]] en de [[Nepal]]eesk-[[Frankryk|Frânse]] film ''[[Himalaya (film)|Himalaya - l'enfance d'un chef]]'' út [[1999]]. Beide films foelen mear as ien kear yn de prizen.
 
Fergelykbere sâltrûtes binne te finen yn Noard-Afrika, fia de [[Sahara]] troch nomaden, en yn it ferline ek yn Europa (Frankryk, Dútslân).
 
[[Kategory:Tibet]]