Ferskil tusken ferzjes fan "Tsjummearum"

886 bytes grutter ,  10 jier lyn
 
== Stasjon ==
Tsjummearum hie in spoarstasjon oan it NFLS-spoar fan Stiens nei Harns. It stasjon wie teffens it begjinpunt fan de NFLS-line nei Frjenstjer. De ferkoarte oantsjutting wie Tzum. It stasjon waard op 2 desimber 1902 iepene en waard op 1 desimber 1940 sluten. Sa út en troch waard it dêrnei noch wol brûkt. It waard op't lêst troch de NS ferkocht oan de gemeente Barradiel. Doe hat it yn gebrûk west as wente. It stasjon ferkearde yn minne steat en wie ornearre foar sloop. Dochs waard besletten om it te restaurearjen. Dat barde yn 2005 en is datselde jier feestlik weriepene. Der sit no in bedriuw yn. Oan de bûtekant is suver alles yn orizjinele steat en binnen is it loket bewarre bleaun en opknapt. By de rastauraasje is wer in stik reels delleina. Ek de bygebouwen binne reastaureard en yn ien fan dy twa is in lytse museale útstalling makke en stiet on model fan it stasjon.
 
== Mienskip ==
Anonime meidogger