Slach by Turyn (312): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: pt:Batalha de Turim (312)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: nl:Slag bij Turijn; tekstwiziging
Rigel 1:
De '''slach by Turyn''' fûn plak yn [[312]] tusken it leger fan [[Konstantyn de Grutte|Konstantyn I]] en de troepen fan syn rivaal [[Maksentius]]. Dizze ferneamde slach waard wûn troch Konstantyn.
 
== Oanlieding en foarspel ==
Nei de machtsstriid dy't folge op de dea fan keizer [[Konstantius Klorus]] folge yn [[308]] in ta-inoarkommen tusken de ferskate troanopfolgers. Op de [[Konferinsje fan Karnuntum]] waard fêststelle dat [[Galerius]] keizer fan it easten bliuwe soe, mei [[Maksiminus Daia]] as ûnderkening, en dat [[Lisinius]] de macht yn it westen útoefene soe, holpen troch [[Konstantyn de Grutte|Konstantyn I]]. Mar al dizze ôfspraken wurken yn de praktyk net omdat [[Maksentius]], dy't net mei die oan de konferinsje, syn posysje yn Rome net opjouwe woe en Lisinius, de oanwezen persoan om him te bestriden, der neat oan dwaan woe. De situaasje waard hieltyd komplekser doe't Galerius ynstee fan Maksiminus Daia, de Caesar fan it easten, Lisinius as opfolger oanwiisde. Al dizze ûntwikkelingen joegen Konstantyn de gelegenheid tsjin Maksentius ten stride te lûken.
 
Wylst Maksentius him ferskanste yn [[Rome (stêd)|Rome]] mei in út 100.000 soldaten grut besteand leger, loek Konstantyn him fanút [[Galje]] temjitte mei in heal sa grut leger, dat foar in grut part bestie út ''veterani''. Sy trochkruze de [[Alpen]] fia de pas fan de [[Col du Mont Cenis|Mont Cenis]] en moete yn Segusia ([[Susa (Itaalje)|Susa]]) de earste wjerstân fan Maksentius syn leger. De stêd waard ynnommen en op befel fan Konstantyn yn brân stutzen. Mei it stellen fan dizze died woe hy oan de befolking fan Itaalje sjen litte dat sy har stêden better net foar him sletten hôlde koene.
 
== De fjildslach ==
Nei de ynnamme fan Susa loek Konstantyn fierder yn de rjochting fan [[Turyn (stêd)|Turyn]]. Om it leger fan Konstantyn tsjin te holden hie Maksentius fanút Rome in grut leger nei it noarden stjoerd, dêr't ek in grut kontingent swiere kavalery oan tafoege wie. Yn de omjouwing fan Turyn kamen beide legers tsjinoer inoar te stean. Konstantyn stelde syn ynfantery dêr tsjinoer de kavalery fan Maksentius en joech opdracht de fijân oan te fallen. Yn it gefjocht dat dêrop plakfynt koe de kavalery fan Maksentius net goed út de foeten komme. It kaam klam te sitten tusken de ynfantery fan Konstantyn en waard ferneatige.
 
Troch dat foarfal kantele de slach yn it foardiel fan Konstantyn. It leger fan Maksentius sloech op de flecht en besocht in goed hinne kommen te finen yn Turyn, mar de stêdsbefolking wegere om it leger ta te litten. Al gau arrivearre it leger fan Konstantyn, wêrnei der foar de mourren fan de stêd in slachting plakfûn.
 
== Neisleep ==
Nei it behelje fan de oerwinning by Turyn loek Konstantyn fierder Itaalje yn. Hy fierde syn oerwinning yn Mediolanum ([[Milaan]]) en marsjearre rjochting [[Breskia]] en [[Ferona]]. Keizer Maksentius hie dan wol in slach ferlearn, hy wie net ferslagen. Al gau soe der in nij treffen plakfine.
 
== Sjoch ek ==
* [[slach by Ferona (312)]]
* [[slach by de Milvyske Brêge]]
 
== Boarne ==
* [[Zosimus]]
 
[[Kategory:Romeinske fjildslach|Turyn]]
Rigel 25:
[[en:Battle of Turin (312)]]
[[it:Battaglia di Torino (312)]]
[[nl:Slag bij Turijn (312)]]
[[pl:Bitwa pod Augusta Taurinorum]]
[[pt:Batalha de Turim (312)]]