Ferskil tusken ferzjes fan "Harsens"

9 bytes lytser ,  9 jier lyn
red
(oers)
(red)
De '''harsens''' ([[plurale tantum]]), ek wol it '''brein''' neamd, foarmje it diel fan it [[sintrale senuwstelsel]] dat yn de holle sit ([[Gryksk]]: ἐγκέφαλον, encephalon, ''yn de holle''). De harsens foarmje it waarnimmende, oanstjoerende, kontrolearjende en ynformaasjeferwurkjende [[orgaan]] yn bsiten. Der binne trije groepen bisten mei harsens: de [[wringedieren]], de [[lidpoatigen]] ([[ynsekt]]en, [[Spinnen (bisten)|spinnen]], [[kreeften]]) binnen de groep fan de [[net-wringedieren]] en de [[inktfisken]]. De oare net-wringedieren hawwe gjin harsens mar kolleksjes fan yndividuele [[senuwknoop|ganglia]]. De harsens sitte oer it generaal yn de [[holle (anatomy)|kop]] fan it bist.
{{wurk}}
De harsens binne in kompleks orgaan; it minsklik brein is opboud út tsientallen miljarden neuroanen ([[senuwsel]]len) wêrfan elk yn ferbining stiet mei in grut oantal oare neuroanen, soms folle tûzenen. It is grif de meast komplekse struktuer yn it universum. De harsens bestjoere en koördinearje sensoaryske systemen, beweging, gedrach en [[homeostaze (fysiology)|homeostatyske]] lichemsfunksjes lykas sykheljen, [[bloeddruk]] en [[lichemstemperatuer]]. De arsens binne de boarne fan [[motoryk|beweging]], [[ûnthâld]] en (by hegere soarten) [[kognysje]] ([[bewustwêze]]) en [[emoasje]].
 
56.977

bewurkings