Isfahan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]], oars neat.
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 43:
De stêd bestie al yn de [[Aldheid]] en wie doe bekend as '''Aspadana'''. Yn de tiid fan de [[Parten]] wie it de haadstêd fan de provinsje Boppe-Perzje fan dat ryk
 
Under de [[BabylonyskeBabyloanyske ballingskip]] waarden ek [[Joaden]] nei Isfahan oerbrocht. Dêr is no ek noch in lytse joadske mienskip.
 
De [[Arabyske Ryk|Arabieren]] feroveren de stêd yn [[643]]. De stêd bleau doe fan belang. De lizzing oan de [[siderûte]] makke dat de stêd bekend wie om syn [[side (tekstyl)|side]].
 
De [[Seltsjoeken]] ûnder [[Malik Sjah I]] makken Isfahan haadstêd yn [[1072]]. Yn dat tiidrek wenne de ferneamde arts/filosoof [[Avicenna]] ek yn Isfahan. Yn de [[13e ieu]] waard de stêd ferovere en ferwoastge troch de [[MongolenMongoalen]]. Yn oktober of novimber [[1387]] luts [[Timoer Lenk]] op nei Isfahan. De benaude gûverneur fan de stêd joech him fuortendaliks oer. Deselde nacht kaam de befolking lykwols yn opstân. Timoer liet doe de 70.000 ynwenners deadwaan en de stêd folslein ferwoastgje. Dat betsjutte de delgong fan de stêd.
 
Under de dynasty fan de [[Safaviden]] waard Isfahan yn [[1598]] fannijs haadstêd fan Perzje. De stêd bloeide ûnder [[sjah]] [[Abbas I de Grutte]]. Yn dy perioade waarden de meast wichtige bouwurken realisearre, ûnder oaren it plein ''[[Meidan Emam]]''. De stêd hie doe sa'n 1 miljoen ynwenners. Abbas I brocht in protte hannelers nei syn nije haadstêd, dêr't in soad [[Armeenjers]] en [[Joaden]] ûnder wienen; sy hiene dêr godstsjinstfrijheid. De Nederlânske [[Feriene Eastynjeske Kompanjy|VOC]] hie fan [[1623]] oant [[1638]] in hannelspost yn Isfahan.
 
De bloeiperioade duorre oant de [[Afganistan|Afganen]] de stêd yn [[1722]] oermasteren en de stêd foatfoar it grutstepart ferwoastgen. [[Shiraz (Iran)|Shiraz]] waard doe de haadstêd fan Perzje. Yn [[1729]] waarden de Afganen wol ferdreaun, mar de stêd helle nea wer syn âlde status. [[Mashhad]], Shiraz en letter [[Teheran]] waarden efterinoar de haadstêden fan Iran.
 
== Ekonomy ==