Ynfeksjesykte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
{{Disclaimer medyske side}}
In '''ynfeksjesykte''' is in [[sykte]] by bist of minsk dy't de gasthear skea tabringt en feroarsake wurdt troch de oanwêzichheid fan ien of mear mikrobiële agentia ([[mikro-organisme]]n), lykas in [[baktearje]], in [[Firus (biology)|firus]], in [[Skimmels|skimmel]], of in ôfwikend aaiwyt, in saneamd [[prion]]. It oerdragen fan ynfeksjesykten kin op meardere wizen barre, lykas kontakt mei besmet fiedsel, of dranken, de ynademing fan besmette loft, troch fekoaren as ynsekten, mar ek direkt troch kontakt mei besmette persoanen. Lang net alle ynfeksjesykkten binne oerdraachber fan minsk (of bist) op minsk, dit jildt allinnich foar de besletlike sykten. Besmetlike sykten (of oerdraachbere sykten) ferspriede har troch direkt kontakt mei in yndividu, kontakt mei lichemsfloeistoffen fan ynfekktearre yndividuen, of mei foarwerpen dy't besmetten binne troch in ynfektearre yndividu. Ynfeksjesykten kinne ûnderferdield wurde nei de wei wêrlâns se oerbrocht wurde (bygelyks [[geslachtssykte]]n) of nei it orgaansysteem dêr't se betrekking op hawwe (bygelyks [[luchtwegen ynfeksje]]s). Ynfeksjesykten by de minsk dy't (mei) troch besmette bisten oerdroegen wurde, hjitte [[zoönose]]. De [[ynfektiviteit]] beskriuwt it fermogen fan in [[mikro-organisme]] binnen te kringen yn in gasthear, te oerlibjen en him te fermannchfâldigjen, wylst de besmetlikheid fan in sykte it gemak wêrmei't de sykte oerdroegen wurde kin oan oare gasthearen betreft. Mar in mikro-organisme kan him ek fêstigje (kolonisearje) yn in gasthear, sûnder sykte te feroarsaakjen. De gasthear kin dêrtroch drager wurde fan in mikro-organisme (foarbyld [[MRSA|MRSA-dragerskip]]).