Ofslútdyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: uk:Афслютдейк
Rigel 6:
 
== Skiednis ==
Al yn de 17e ieu waarden de earste plannen makke foar in ôfslútdyk, mar yn die tiid bleau it by plannen; der waard oannaam dat it droechlizzen fan de binnensee technysk net-útfierber wêze soe. Dat feroare earst yn yn [[1886]]. Dat jier waard de Suderseeferieniging oprjochte, dy’t ûndersykje woe of de Súdersee ek ynpoldere wurde koe. Yngenieur Cornelis Lely wie der ek lid fan en hy wie de dejinge dy't it plan foar itklf+ja+dflkajdf+laksf+laskdfjas+ldfkjsd+lfit projekt makke. Yn [[1913]], doe’t Lely al minister fan Wetterstaat wie, waard ynpoldering yn it regearprogram set. Yn dy tiid wiene der noch in protte protesten, mar nei de wettersneed fan [[1916]] wie de tiid klear foar it projekt en twa jier letter gie it parlemint dan ek akkoart.
 
Yn juny [[1920]] gie it projekt fan start. Der waard begong mei de oanlis fan de Amsteldjipdyk fan [[Noard-Hollân]] nei [[Wieringen]], dat yn dy tiid noch in eilân wie. Sân jier letter begong de bou fan de Ofslútdyk echt. Der waard besletten om fan fjouwer plakken ôf te bouwen. Fan de beide kanten ôf, yn [[Fryslân]] en Noard-Hollân, en fan it wurkeilan [[Breesân (wurkeilân)|Breesân]] ôf.