Taklamakan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: en:Taklamakan Desert
MeinRei (oerlis | bydragen)
red
Rigel 4:
De '''Taklamakan''' of '''Taklimakan''' is in sânwoastyn yn [[Sintraal-Aazje]], yn de [[autonome regio (Sina)|autonome regio]] [[Sinkiang]], yn [[Folksrepublyk Sina|Sina]].
 
De [[woastyn]] yn it [[Tarimbekken]] hat in oerflak fan 270.000 km², is sa’n 1000 kilometer lang en 400 kilometer breed. Oan west- en noardkant lizze de bergmassiven [[Pamir]] en [[Tiensjan]] (de berch [[Imeon]] út de âldheid), oan súdkant leit it berchtme [[Kunlun]].
 
De noardrâne en súdrâne fan de woastyn by del rinne tûken fan de [[siderûte]] (reizgers mijen de droege woastenij). Rûnom de woastyn lizze in stik as wat [[oaze]]s mei stêden sa as [[Kasjgar]], [[Yarkand]], [[Hotan]] yn it súdwesten, en [[Kuqa]] en [[Turpan]] yn it noarden.
 
De rivier de [[Tarim]], de grutste fan Sintraal-Aazje, einigteiniget yn de Taklamakan.
 
Iennige jierren lyn hadhat de Sineeske oerheid in grutte dyk dwers troch de woastyn oanlizze litten. De dyk ferbynt de stêden Hotan (yn it suden) en Luntai (oan de noardrâne). De lêste desenniums hat de woastyn him op plakken útwreide; guon buorkerijen en doarpen binne doe ferswolge troch it sân.
 
Under it sân fan de Taklamakan binne ruïnes bedobbe. De [[argeology]]ske fynsten wize op ferskate beskavingen, sa as de Tochaarske, mei [[Hellenisme|Hellenistyske]], [[Yndia|Yndiaaske]] en [[Boedisme|Boedistyske]] ynfloeden. It aventoerlike sykjen nei dy argeologyske skatten is op libbene wize beskreaun troch de [[ûntdekkingsreizger]]s [[Aurel Stein]], [[Sven Hedin]], [[Albert von Le Coq]] en [[Paul Pelliot]].
 
Der binne yn dit gebiet in protte [[mummy]]s fûn; guon binne sa'n 4000 jier âld. Der binne in soad folken troch dy kontreien lutsen. In protte mummys hawwe in EuropesskEuropeesk foarkommen en komme faaks fan it folk fan de [[Tochaars|Tocharen]], dat in Indo[[Yndo-Jeropeeske talen|Yndo-Europeeske taal]] spriek.
 
Yn lettere tiden waard de Taklamakan bwennebewenne troch Turkske folken, sa as de [[Oeïgoeren]]. Fan de [[Tang-dynasty]] ôf hawwe de Sinezen út en troch besocht harren macht oer de oazestêden fan de Taklamakan út te wreidzjen, omdat sy de wichtige [[siderûte]] troch Sintraal-Aazje behearskje woene. Perioaden fan Sineesk bewâld waarden ôfwiksele mei tiden dat it gebiedgebiet ûnder Turkske, [[Mongoalen|Mongoalske]] en [[Tibet|Tibetaanske]] folken stie. De hjoedeiskehjoeddeiske befolking bestiet op it plattelân foar it grutstepart út twa TurkstaligeTurksktalige folken, de Oeïgoeren yn it suden en de Kazachen yn it noarden, wylst yn de grutte stêden de [[Han-Sinezen]] de mearderheid hawwe.
 
== Klimaat ==
Taklamakan hat in kâld [[woastynklimaat]]. Meidat it gebiet relatyf tichteby de kâlde luchtmassas fan [[Sibearje]] leit, komme winterdeis ekstreem lege temperaturentemperatueren foar, oant wol −20 °C. Yn it Sineeske winterstoarmseizoen 2008, hat de Taklamakan foar it earst folslein oerdutsen west mei in 4 sm dikke laach snie en is op plakken in temperatuer fan −26.1 °C metten. De woastyn leit oan alle kanten tûzenen kilometers fan see en hat dêrom ek simmers tige kâlde nachten
 
== Sjoch ek ==