Weidum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Ferienings: oanfolling
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wat oer de states
Rigel 11:
[[Ofbyld:Weidum.jpg|thumb|260px|right|''de [[buorren (doarp)|buorren]] fan Weidum'']]
'''Weidum''' is in [[doarp]] yn it easten fan de gemeente [[Littenseradiel]]. It doarp hat likernôch 620 ynwenners (2004).
 
In grut evenemint is de jierlikse froulju's PC. Hjir wurdt útmakke wat it bêste froulju's trijtal is.
It doarp stie oarspronklik op in terp, wêrfan't it grutste part ôfgroeven is. Op wat der noch fan oer is stiet in [[13e ieu]]ske tsjerke mei in toer fan [[dowestien]] út de [[11e ieu]].
 
By Weidum stean ek de [[Wynmotor Weidum 1|Amerikaanske wynmotor 1]] en [[Wynmotor Weidum 2|2]].
 
== DekemastateIt wapen fan Weidum ==
De trepgevels steane foar de edele states fan Weidum: Dekema, Hania, Walta, Papma en Wobbema. De Noardstjer stiet foar it rjochthûs yn Weidum. De rút it it wapen Walta stiet foar de rjochtspraak. - ek Ingus: symboal fan de fruchtbere Memme Ierde.
 
== Eardere States ==
=== Borniastate ===
De Borniastate lei súd fan de tsjerke, neist de Papingastate. It earste hûs stie der al foar [[1763]], doe't it werboud waard. Yn 1768 wenne hjir de riedshear Hamerster en yn 1818 mr. Bernhardus Buma. Yn 1864 is it hûs foar ôfbraak ferkocht en fjouwer jier letter lei it plat. Op it stee wenne yn 1977 Auke Schotanus, wylst der flakby it rêsthûs "Nij Dekema" stiet. De state stie oan de ein fan de hjoeddeiske Kuperssteech.
 
=== Dekemastate ===
Alear hie Weidum in [[úthôf]] fan it Augustiner kleaster [[Lúntsjerk]]. Dizze úthof is lykas de Augustiners ferrûn. De Dekema's hawwe doe in besit fan de [[Augustiner Koarhearen]] oernommen. Dit hat der foar soarge dat de measte Dekema's ek [[grytman]] fan [[Baarderadiel]] wienen. Guon hawwe foar de eare betanke. De Dekema's hearden ta de [[Skieringers]]. Lykas de measte Skieringers hawwe se meiwurke oan it bewâld fan de Saksers en [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]]. <br>
De meast bekende Dekema is [[Piter Dekema]] west. <br>
Line 23 ⟶ 30:
 
Oant de [[gemeentlike weryndieling]] yn [[1984]], makke Weidum diel út fan de gemeente [[Baarderadiel]].
 
=== Haniastate ===
De Hanistate waard om 1200 boud en grinze oan de Dekemastate en lei der fuort ten suden fan, tusken de hjoeddeiske huzen Hegedyk 1 en 3.
 
Om 1200 woenne hjir Viglius (Wigle) Hania, dy't yn 1199 de tsjerke fan Weidum boude mei help fan de konversen fan it kleaster [[Lúntsjerk]]. Om 1400 wenne hjir Gaele Hania, de boezemvriend fan Sytse Dekema. Nei 1640 waard de state meastentiids ferhierd. Yn 1977 stie in pleats op it âlde stee.
 
=== Papingastins ===
Pappingastins of Papingastate stie besuden de tsjerke, njonken Borniastate. As it hûs yn de [[16e ieu]] foar it earst neamd wurdt, wenje hjir de Ropta’s. Yn 1570 liet Rinsk van Ropta, dy't troud wie mei Hartman fan Haersma, oan de de Weidumer tsjerke 12.000 stenen nei, dy't levere wurde moasten troch har tichelwurk yn [[Winsum]]. Ek de earme widdo's waard net ferjitten, it hûs dat se yn de tsjerkebuert fan in Yme Foppes kocht hie, wie foar harren ornearre. Om 1700 waard it eptige hûs ôfbrutsen en ferfongen troch in pleats. Oan de ein fan de Lytsebuorren oan de súdwestkant fan de tsjerke begjint de oprydleane nei Papingastate (út it doarp wei sjoen de linker pleats).
 
=== Waltastate ===
De Waltastate stie skean foar Dekemastate oer. It boujier is ûnbekend, op it stee stie yn de [[20e ieu]] in pleats.
 
== Mienskip ==
[[Ofbyld:Windmotor Weidum 27.JPG|thumb]]
Weidum hat in eigen doarpshûs oan de Bornialeane. It pjutteboartersplak hjit It Pjuttekampke. In bekend festival yn Weidum is Roek-Rock dat yn it doarpshûs hâlden wurdt. Weidum hat in aktyf ferieningslibben, benammen op it mêd fan toaniel, muzyk en sport. In grut evenemint is de jierlikse froulju's PC. Hjir wurdt útmakke wat it bêste froulju's trijtal is.
 
=== Ferienings ===
Line 43 ⟶ 61:
* Krystbalkommisje
* It pleatselijk Nut
* Pjutteboartersplak It Pjuttekampke
* Sinterklaze feriening
* Sjongerij Weidum