Nimwegen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L r2.4.6) (Bot - derby: be-x-old:Наймэген
No edit summary
Rigel 8:
Nymwegen is in âlde stêd, de âldste stêd fan Nederlân. Om it begjin fan de jiertelling krige de stêd [[merkrjocht]]en. Om it jier [[102]] krige Nymwegen [[stedsrjochten]] fan [[keizer]] [[Trajanus]]. De stêd waard yn de [[Romeinske tiid]] ''Ulpia Noviomagus Batavorum'' (of ''Noviomagus'') neamd.
 
Om [[800]] boude keizer [[Karel de Grutte]] in [[palts]] yn Nymwegen. Letter boude [[Frederik Barbarossa]] op dat plak in [[kastiel]], dat oant [[1796]] stean bleaun is. Tsjintwurdich binne der noch twa kapellen fan oer. hihi ja ed
 
Yn [[1230]] waard Nymwegen yn [[ryksstêd]] en krige deselde rjochten as [[Aken]]. Yn 'e [[Midsieuwen]] wie Nymwegen in rike stêd troch de handel. Hjiroan kaam in ein yn de [[16e ieu]]. De stêd waard [[Spanje|Spaansk]] yn [[1585]] en waard in [[1595]] troch [[Maurits fan Oranje]] ynnaam. Nymwegen wie in [[protestantisme|protestantske]] stêd; fan de [[18e ieu]] waard de ynfloed fan it [[katolisisme]] wer grutter troch de ferhuzing fan de befolking fan it lân nei de stêd.