Stedsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: It Hearrenfean - Verwijzing(en) gewijzigd naar It Hearrenfean (plak)
Rigel 23:
Tradysjoneel wurde as Stedske dialekten beskôge it Ljouwertersk (''Liwwadders''), it [[Snitsersk]] (''Snekers''), it [[Frjentsjertersk]] (''Franekers''), it [[Harnzersk]] (''Harlingers''), it [[Boalsertersk]] (''Bòlswadders''), it [[Dokkumersk]] (''Dòkkumers'') en it [[Starumersk]] (''Stavers''). Dy dialekten wurde allegear yn plakken sprutsen dy't stedsrjochten hawwe - dêrfan hinne de beneamings "Stedsk" en "Stedfrysk".
 
De dialekten fan Kollum (it [[Kollumersk]], net te betiizjen mei it [[Pompstersk]] fan [[Kollumerpomp]], dat in [[Nedersaksysk]] dialekt is) en It Hearrenfean (it [[Feanstersk]]) binne lang negearre yn beskriuwings fan it Stedsk, mar wurde der no almeast wol ta rekkene, ek al wurde se dan net sprutsen yn in stêd.
 
Fierders wurde somtiden it [[Amelânsk]] fan [[it Amelân]] en it [[Midslânsk]] fan sintraal [[Skylge]] oanmurken as Stedske dialekten. Ut resint ûndersyk troch de taalkundige [[Mathilde Jansen]] hat lykwols bliken dien dat, ek al binne Stedsk, Amelânsk en Midslânsk allegear ûntstien út in ferminging fan Hollânsk en Frysk, de Stedske dialekten oan 'e iene kant en de eilândialekten oan 'e oare kant dochs dúdlik faninoar ferskille.