De Wite Peal (kamp): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling út de LC
Rigel 1:
'''De Wite Peal''' wie in Ambonezekamp yn [[Sint Jansgea]]/[[Rotsterhaule]] by [[Reahel (Skarsterlân)]]. Yn dit barakkekamp sieten fan [[1951]] - [[1960]] de Amboneeske moslims.

Yn 1957 sieten der 81 ambonezen dy't yn it [[Keninklik Nederlânsk-Ynjysk Leger|KNIL]] fochten hienen, en no tydlik ûnderbrocht waarden ynkampen yn ôfwachting fan in eigen Molukse steat. Se hienen hjir ek in eigen moskee, de twadde fan Nederlân. It kamp wie yn 1940 brûkt as opfang foar wurkleazen, mar yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] ek brûkt as tydlike opfang foar joadenJoaden dy't úteinlik op transport nei ferneatigingskamp Auschwitz setten waarden.
 
De barak hie in oantal keamers foar de ferskillende húshâldings. Der wiene seis douches foar de op syn meast 130 bewenners en in mienskiplike koken. Benammen de winters makken grutte yndruk op de bern. Se seagen foar it earst bern út Rotsterhaule mei redens ûnder de earm dy't te riden giene op de [[Tsjûkemar]] of de sleatten by it kamp.
 
By gelegenheid fan it sechtichjierrich betinken fan de komst fan de Molukkers is op oanstean fan de histoaryske feriening [[Út Eigen Gea]] in tinkteken delsetten in de foarm fan in wite gemeentegrinspeal. Neist de namme Kampstrjitte en de namme fan de [[Fuotbalferiening De Wite Peal]] binne der gjin taastbere herinnerings oan it kamp.
 
{{boarnen|boarnefernijing=