Mûnein: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling fan de webstee
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 13:
== Skiednis ==
Oant [[1948]] wie Mûnein in part fan Oentsjerk. Op fersyk fan Doarpsbelang yn 1948 krige Mûnein yn [[1948]] de doarpsstatus en kaam los fan [[Oentsjerk]]. Op [[21 augustus]] 1948 wurdt der troch Doarpsbelangen in oanfraach yntsjinne om fan "Molenend" in selsstannich doarp te meitsjen.
B&W fan Tytsjerksteradiel wolle it fersyk wol ynwilligje, omdat Mûnein in eigen, frij grutte buorren hat, fierder in skoalle, in kafee en ferskate ferienings hat. Oant dan wie it wenst dat de doarpsstatus jûn waard oan plakken mei in tsjerke en dat hie Mûnein net. Omdat der wol in kafee, in skoalle en ferienings wienen waard de status dochs ferliend troch Tytsjerksteradiel op [[8 oktober]] [[1948]]. Wyls is ek útsocht dat der gjin histoaryske nammen om it doarp binne wêrfan de namme oan it nije doarp Molenend jûn wurde kin. Der wurdt advisearre om by de nije namme Molenend (Frl.) te skriuwen of (by Oentsjerk), want der binne yn Nederlân 14 buorskippen of útbuorrens dy't Moleneind hjitte, wêrfan tolwe yn [[Noard-BranbânBrabân]], ien yn [[Gelderlân]] en ien yn [[Noard-Hollân]]. Boppedat is der yn Drachten in buert dy't Moleneind hjit.
 
== Flagge en wapen ==