Oto (keizer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mjbmrbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: et:Otho
Rigel 7:
Doe't yn [[68]] de opstân útbruts tsjin Nero, wie Oto noch hieltyd yn Lusitania. Tegearre mei de gûverneur fan de oanswettende provinsje [[Hispania Tarraconensis]] (Súd-Spanje), [[Galba]] sette er him ôf tsjin de keizer. Boppedat tocht Oto troch in alliaazje oan te gien mei Galba in grutte kâns te meitsjen om sels keizer te wurden. Sy hienen de ôfspraak makke dat as Galba, ienkear keizer wurden wie, him as opfolger adoptearre soe, wat de leeftyd fan de 70-jierrige Galba sjoen, nei alle gedachten net iens sa lang hoegde te doaren om it keizerskip te ferwurven.
 
Nero plige selsmoard op [[9 juny]] 68 en Galba waard de nije keizer. Lykwols bruts op [[1 jannewaris]] [[69]] in opstân út, troch de legioenen ûnder it kommando fan [[Fitellius]] dy't harren op wei setten nei de haadstêd fan it Romeinske Ryk, Rome. Doe't it nijs Galba berikte, ropte de keizer hastich [[Lucius Calpurnius Piso Licinianus|Piso]] as syn opfolger út. Oto fielde him sa besoademitert dat er besleat om in kûp te pligen en Galba fermoarde te litten. Foar in protte jild kocht er de [[PraetoriaansePraetoriaanske garde]] om en op [[15 jannewaris]] waard Galba troch syn eigen liifwacht fermoarde. Op de moarderij waard ek Piso en in grut tal oare minsken deade. De senaat hie net folle kar en moast Oto as de nije keizer erkennen.
 
Oto krige de stipe fan it leger yn [[Afrika]] en dat yn it easten troch de kommandanten bonussen en herfoarmingen yn it foarútsjen te stellen. Nettsjinsteande dizze grutte oermacht waard Oto lykwols hiel bot bedrige troch it oankommende leger fan Fitellius. Syn eigen legers befûnen har foar benammen yn Afrika, [[Egypte]], oan de [[Eufraat]] en de [[Donau]] en soenen net op tiid komme kinne om de sân opstannige legioenen tsjin te holden. Yn alle gauwens socht Oto nei fersterkingen. Trije legioenen út de [[Balkan (skiereilân)|Balkan]] hasten har nei Rome mar koenen nea op tiid komme. Yn panyk waarden legers ymprovisearre en waarden sels 2000 gladiatoren ynsetten..
 
Nei in tal skermutselingen fûn op [[14 april]] [[69]] de grutte slach plak. Dizze slach stiet bekend as de [[earste slach by Bedriakum]]. It leger fan Oto waard yn de pan hakt en goed 40.000 soldaten sneuvelen yn de striid. Oanslein troch de nederlaach dy Oto himsels te koart. Doe't Oto de omfang fan nederlaach seach, wei hy sa oanslein dat er besleat er selsmoard te pligen.
 
==Keppeling om utens==