Nuuk: ferskil tusken ferzjes

5 bytes lytser ,  11 jier lyn
L
sa dan.
(stred ....fan twa die regionale ..??? wat soe jhjir stean moatte?)
L (sa dan.)
== Skiednis ==
De delsetting fan no stammet út [[1721]] doe't de [[Noarwegen|Noarse]] [[sindeling]] [[Hans Egede]] de earste permaninte Europeeske [[koloanje (steatkundich)|koloanje]] en [[hannelspost]] stifte op it tichteby lizzende "Hoop-Eilân". De bedoeling fan Egede wie it bekearen fan de Noarske kolonisten, mar hy ûntduts dat dy allegear stoarn wienen (der hie al sa'n 300 jier gjin kontakt mei it heitelân west). Boppedat die bliken dat it gjin gaadlik plak foar in delsetting wie en op [[29 augustus]] [[1728]] waard Godthåb stifte.
[[Ofbyld:Egede nuuk.JPG|thumb|left|''Stânbyld fan Hans Egede]]<br>
Fuort dêrnei stjoerde kening Freark IV trije fregatten mei personiel en materialen om in fort bouwe te kinnen. De measten fan harren wiene feroardielden en [[Prostitúsje|prostituees]] dêr't de measten fan al yn it jier stoaren oan [[skuorbot]] en oare syktes.
 
Fan 1733 oant 1734 wie dêr in wetterpokke-epidemy; it grutste part fan de lânseigen befolking stoar dêroan en Hans Egede syn frou ek. Nei 15 jier Grienlân, yn 1736, gie Hans Egede werom nei Denemark. Soan Paul Egede bleau efter om it wurk fan syn âlden fuort te setten. Fierders gienen ek Moravyske misjonarissen yn dy kontreien oan it wurk.
 
Om 1850 hinne rekke it gebiet om Nuuk yn in krisis. De Europeanen hienen sykten meibrocht dêr't de Grienlanners gjin wjerstân tsjin hienen en in kultuer ynbrocht dy't botste mei dy fan de lânseigen befolkingmeibrochtbefolking meibrocht. In protte Grienlanners libben yn earmoed. Yn 1853 kaam Hinrich Johannes Rink yn Grienlân oan en hy seach dat de Grienlanners in protte fan harren kultuer en identiteit ûnder de ynfloed fan de Denen ferlern hiene. Dêrom sette er yn 1861 út ein mei Grienlân syn earste krante, ''Atuagagdliutt'', dy't in Grienlanner as redakteur hie. Dy yn Nuuk festige krante soe letter in soad betsjutte foar it begryp fan de Grienlanners fan harren eigen kultuer.
 
Mei de iepening yn [[1874]] fan de Grienlânske [[Pedagogyske Akademy|kweekskoalle]] waard Godthåb in ûnderwiissintrum. De universiteit fan Grienlân, [[Ilisimatusarfik]], is dêr ek fêstige.
 
Yn [[1908]] waard in nije bestjoerlike regeling fan kracht dy't foarseach yn de oprjochting fan fan twa die regionale (parlemintêre) fergaderingen. Dy waarden yn 1950 ferienige en yn Godthåb fêstige. Dêrom lei it foar de hân dat nei de ''[[status aparte]]'' fan Grienlân yn [[1979]] it Grienlânske parlemint, it ''Landsting'', ek syn sit yn Godthåb krige. Teffens waard de namme doe feroare yn it [[Grienlânsk]]e Nuuk.
 
Yn 1940 waard der in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] en in [[Kanada|Kanadeesk]] konsulaat fêstige yn Nuuk.