Fleantúch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 12:
It [[sweeffleantúch]] waard yn Dútslân ta yn de finesses trochûntwikkele om it [[Frede fan Versailles (1919)|ferdrach fan Versailles]] te ûntdûken. Dêrneist ûntstienen der dûkbommesmiters, nachtjagers en de strielmotor waard yntrodusearre.
 
Nei de Twadde Wrâldoarloch soarge de wapenwedrin tusken it ûntstiene [[WarschaupaktWarsjaupakt]] en de [[Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]] ta in bliuwende prikel om mei nije fleantugen te kommen. De fleantugen moasten heger, sneller en langer yn de loft bliuwe kinne. [[Chuck Yeager]] gie troch de lûdsbarriêre, spionaazjefleantugen fleagen dêrnei oant trije kear sa hurd as it lûd. Ek waard mei de yntroduskje fan de [[F-16 Fighting Falcon|F16]] in fleantúch yntrodusearre dat allinnich fleane koe mei help fan in [[kompjûter]], it saneamde [[fly-by-wire]]-prinsipe.
 
Yn dyselde tiid kaam ek it massatoerisme op in de westerske lannen. Net allinnich waarden de passazjiersfleantugen geandewei grutter, lykas de [[Boeing 747]], mar ek sneller, mei as hichtepunt de [[Supersoanyske snelheid|supersoanysk]]e [[Concorde (fleantúch)|Concorde]]. Yn dyselde tiid ûntwikkele him ek de [[Privéjet|privee- of sakejet]], sadat wichtige sakelju net bûn wienen oan fleantiden en krappe fleantugen. Flak foar it úienfallen fan it Warschaupakt en de [[Sovjet-Uny]] waard de [[Stealth (technyk)|stealth]]-technyk tapast op oare fleantugen as allinnich de spionaazjefleantugen. De ûntwikkeling fan it gefjochtsfleantúch giet sûnt de fal fan it [[kommunisme]] minder hurd. De Europeeske lannen rinne tsjin enoarme ûntwikkelingskosten op, wêrtroch't se mei lijen de [[Eurofighter Typhoon|Eurofighter]] fan de grûnt witte te krijen. Lytsere lannen, lykas Taiwan, Israël, Korea en Sweden witte de holle boppe wetter te hâlden troch it meitsjen fan militêre fleantugen dy't basearre binne op besteande techniken, wylst de kosten foar de Amerikaanske [[F-35 Lightning II|F35]] allinnich mar oprinne. Yn de boargerloftfeart geane de ûntwikkelings lykwols troch. Airbus kiest foar grutter mei de dûbeldeks [[Airbus A380|A380]]. Boeing kiest foar sunich en miljeufreonliker mei de [[Boeing 787|787]].