Fleantúch: ferskil tusken ferzjes

18 bytes grutter ,  11 jier lyn
L
red. en sa
(kat)
L (red. en sa)
[[Ofbyld:Airliners 28.07.2009 10-01-28.JPG|thumb|''[[Fokker 100]] mei [[Fleantúchregistraasjenûmer|registraasje]] HB-JVE fan [[Helvetic Airways]] by de nadering fan de [[lanningsbaan]] fan de [[Lofthaven Zürich|Lofthaven fan Zürich'']]]]
[[Ofbyld:Bleriot XI movie.ogg|thumb|''Thulin Bleriot XI'']]
[[Ofbyld:Wrightflyer.jpg|thumb|''De earste flecht fan de bruorren Wright, 17 desimber 1903, 10.35 oere'']]
 
In '''fleantúch''' is in loftfartúch dat in hegere tichtheid hat as loft en yn steat is in kontrolearre flecht te meitsjen. It makket dêrby gebrûk fan de opwertse krêft, [[liftkrêft|lift]] neamd, feroarsake troch de loft dy't mei in wisse snelheid oer it spesjale profyl fan it fleugeloerflak streamt.
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Wrightflyer.jpg|thumb|''De earste flecht fan de bruorren Wright, 17 desimber 1903, 10.35 oere'']]
Utfiners wienen oan de ein fan de [[19e ieu]] dwaande mei it útfinen fan in ferfiermiddel dêr't motorisearre mei flein wurde koe. De [[loftballon]] wie al yn [[1783]] útfûn, it sweeffleantúch waard foar it earst súksesfol testen troch [[Otto Lilienthal]] yn [[1891]]. Yn 1903 wisten de Amerikaanske [[Bruorren Wright]] as earste minsken mei harren sels boude en motorisearre fleantúch, "The Flyer", in kontrolearre flecht te meitsjen. Yn Nederlân fleach it earste fleantúch op [[27 juny]] [[1909]], bestjoerd troch [[Charles de Lambert]]. Yn 1910 makke de Frânsman [[Henri Fabre]] mei de ûntwikkeling fan de it earste [[wetterfleantúch]] it mooglik gruttere fleantugen te meitsjen omdat se net ôfhinklik wienen fan de lingte fan in fleanfjild. Twa jier letter kaam [[Curtiss]] mei de earste [[Wetterfleantúch|fleanboat]]. Yn datselde jier waard ek it earste eksperimint die mei opstigen fan in skip ôf troch [[Eugene Burton Ely|Eugene Ely]].
 
Nei de Twadde Wrâldoarloch soarge de wapenwedrin tusken it ûntstiene [[Warsjaupakt]] en de [[Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]] ta in bliuwende prikel om mei nije fleantugen te kommen. De fleantugen moasten heger, sneller en langer yn de loft bliuwe kinne. [[Chuck Yeager]] gie troch de lûdsbarriêre, spionaazjefleantugen fleagen dêrnei oant trije kear sa hurd as it lûd. Ek waard mei de yntroduskje fan de [[F-16 Fighting Falcon|F16]] in fleantúch yntrodusearre dat allinnich fleane koe mei help fan in [[kompjûter]], it saneamde [[fly-by-wire]]-prinsipe.
 
Yn dyselde tiid kaam ek it massatoerisme op in de westerske lannen. Net allinnich waarden de passazjiersfleantugen geandewei grutter, lykas de [[Boeing 747]], mar ek sneller, mei as hichtepunt de [[Supersoanyske snelheid|supersoanysk]]e [[Concorde (fleantúch)|Concorde]]. Yn dyselde tiid ûntwikkele him ek de [[Privéjet|privee- of sakejet]], sadat wichtige sakelju net bûn wienen oan fleantiden en krappe fleantugen. Flak foar it úienfallen fan it Warschaupakt en de [[Sovjet-Uny]] waard de [[Stealth (technyk)|stealth]]-technyk tapast op oare fleantugen as allinnich de spionaazjefleantugen. De ûntwikkeling fan it gefjochtsfleantúch giet sûnt de fal fan it [[kommunisme]] minder hurd. De Europeeske lannen rinne tsjin enoarme ûntwikkelingskosten op, wêrtroch't se mei lijen de [[Eurofighter Typhoon|Eurofighter]] fan de grûnt witte te krijen. Lytsere lannen, lykas Taiwan, Israël, Korea en Sweden witte de holle boppe wetter te hâlden troch it meitsjen fan militêre fleantugen dy't basearre binne op besteande techniken, wylst de kosten foar de Amerikaanske [[Joint Strike Fighter|F-35 Lightning II|F35]] allinnich mar oprinne. Yn de boargerloftfeart geane de ûntwikkelings lykwols troch. Airbus kiest foar grutter mei de dûbeldeks [[Airbus A380|A380]]. Boeing kiest foar sunich en miljeufreonliker mei de [[Boeing 787|787]].
 
{{Commonscat|Aircraft}}