Moarden fan Dokkum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
FK-4 (oerlis | bydragen)
No edit summary
FK-4 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 4:
Op freed [[19 jannewaris]] 1945 waarden trije fersetslju wylst se troch de [[Sicherheitsdienst]] transportearre waarden befrijd troch [[it Ferset]]. Ien fan harren, de Dokkummer apteker Gunster, wie in wichtich man yn it Dokkummer ferset, dat trochdat er finzen naam wie, wienen der in protte minsken yn gefaar. Op [[de Falom]] waard dêrom de brêge iepenset om de auto fan de Sicherheitsdienst stopje te litten, en doe't dat slagge waard dy oerfallen. By de aksje rekke ien Dútser om hals, en net folle letter ferstoar in twadde.
 
As ferjilding waarden op moandei 22 jannewaris tsien finzenen út [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] helle, en nochris tsien út [[Grins (stêd)|Grins]]. Dy hienen neat mei dy oerfal te krijen, mar se waarden meinaam om in boadskip dúdlik te meitsjen. De tweintich manlju waarden nei [[Dokkum]] brocht, en dêr oan de súdkant fan de stêd, oan de Wâldwei, yn groepkes fusilearre. Elts groepke moast earst de liken fan de eardere groep rjochtlizze, en dan waarden se sels deasketten. De liken bleauwenbleaune in etmel lizze om it boadskip noch better oerkomme te litten.
 
Anno 2005 wurde de Moarden fan Dokkum hieltiid noch alle jierren betocht.