Macht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Bwarre (oerlis | bydragen)
No edit summary
Bwarre (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
Immen dy't kunde hat oan minsken op ynfloedryke plakken en sadwaande saken regelje kin, kin ek macht útoefenje. Sa'n persoan wurdt fan sein dat er [[sosjaal kapitaal]] hat.
Dizze beide foarbylden toane de subtylere boarnen fan macht sa't dy faak yn komplekse mienskippen foarkomme. De teoryen oer kultureel en sosjaal kapitaal meitsje it mooglik om dizze foarmen fan macht te bestúdearjen.
 
In oare omskriuwing fan '''macht''' is it fermogen ta beynfloeding fan de werklikens.
 
Werklikens kin hjir de deistige wrâld betsjutte, mar it kin ek lêzen wurde as de wurkelikens sa't dy troch minsken sjoen wurdt. Koart sein is de betsjutting fan it lêste: minsken hannelje nei harren ideeën oer de wrâld; at jo de ideeën beynfloedzje kinne, kinne jo it hanneljen fan 'e minsken beynfloedzje.
Dizze sjenswiize wurdt binnen de [[politikology]] bestudearre mei de polityke [[discours-analyse]], sa't dy troch it wurk fan mei namme [[Michel Foucault]] en [[Jürgen Habermas]] stal krigen hat. Ek [[Vaclav Havel]] skriuwt oer dit soarte fan beynfloeding yn syn essays oer de ferdrukking troch it kommunistysk rezjym yn Tsjecho-Slowakije.
Yn 'e [[psychology]] wurdt beynfloeding bestudearre binnen de [[kognitive psychology]] en de [[sosjale psychology]]. Hjir giet it ûnder oaren oer de stúdzje nei [[propaganda]] en de [[hearrigens-experimenten fan Milgram]].