Bile: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 2:
In '''bile''' is in swier stik [[ark]] mei in sneed om te kappen en te kliuwen.
 
[[Fûstbile]]n hearre ta it âldst bekende ark en gean werom op de [[paleolitikum|iere stientiid]] dêr't de âldste by rûsd wurde op 2,5 miljoen jier. Se waarden makke troch splinters fan in stien ôf te slaan wêrtroch't in skerpe râne ûntstie. Sokke bilen koenen ek brûkt wurde as mes of skraber. Ut de [[mesolitikum|midden stientiid]] binne de earste bilen bekend dy't oan stâlen fêstmakke waarden. Hjirmei kin in gruttere krêft útoefene wurde dêr't de brûker mei in lichtere bile troch wurkje kin en minder gau wurch wurdt. De bilen út de [[neolitikum|nije stientiid]] wienen soms moai gled slipe stienen bilen fan [[fjoerstien]] of oare stiensoarten. Yn de [[kopertiid]], oan de ein fan de [[neolitikum|nije stientiid]] waarden ek yn [[koper (elemint)|koperen]] jitten bilen makke mei deselde flakke foarm as de stienen bilen. De bekende iismummy [[Ötzi]] hie sa'n bile, wêrfandêr't de [[kling]] fan foar 99% út koper bestiet. Yn de [[brûnstiid]] gie oer op [[brûns]], dat duorsumer en makliker te jitten wie as koper, en waard de foarm fan de bile hieltiten fierder ferbettere. Dizze bilen liken hieltiten minder op harren stienen foarrinders. De folgjende stap wie it smeien fan bilen fan [[Izer (elemint)|izer]] en [[stiel (metaal)|stiel]].
 
Bilen wurde brûkt as ark foar it bewurkjen fan hout [[houtbewurking]] of as [[gefjochtswapen|wapen]] en soms foar beide doeleinen (lykas de bilen út de [[brûnstiid]]). In keukenbyltsje wurdt yn in soad húshâldingen brûkt foar bygelyks it lyts hakken fan oanmak en it slachtsjen fan hinnen.