Port-au-Prince: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan nl: en en:
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 8 mai 2011 om 17.56

Port-au-Prince (Kreyòl: Pòtoprens) is de haadstêd en de grutste stêd fan Haïty. De stêd hie yn 2006 1.277.000 ynwenners. De agglomeraasje, mei de stêden Cité Soleil, Delmas, Carrefour en Fond-Parisien, meast út sloppewiken besteand, wurdt bewenne troch 2,5 - 3 miljoen minsken. Port-au-Prince is teffens haadstêd fan it departemint Ouest en fan it arrondissemint Port-au-Prince.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.



Port-au-Prince
Polityk
Lân Haïty
Departemint Ouest
Arrondissemint Port-au-Prince
Sifers
Ynwennertal 1.277.000(2006)
Oerflak 36,04 km²
Befolkingsticht. 33.000 / km²
Hichte 98 m
Oar
Stifting 1749
Tiidsône EST (UTC-5)
Koördinaten

De stêd leit oan in baai fan de Golf fan Gonâve. Port-au-Prince eksportearret koffie en sûker en dêr wurdt fierders hannele yn sjippe, tekstyl en semint.

It plak waard yn 1749 stifte troch Frânse sûkerplanters. Yn 1804 waard Port-au-Prince de haadstêd fan it doe krekt ûnôfhinklik wurden Haïty. Dêrfoar waard de stêd beset troch Britske troepen.

Toerisme

De wiffe politike tastân yn Haity hat it toerisme yn Port-au-Prince net folle skea dien. De Ynternasjonale Luchthaven Toussaint Louverture is it wichtige startpunt foar bûtenlânske toeristen. De measte toeristen besykje en ferbliuwe yn Pétionville.

Yndieling

De gemeente Port-au-Prince bestiet út de neifolgjende sections communales:[1]

Nr. Namme
1 Turgeau
2 Morne L'Hôpital
3 Martissant
 
Satellytfoto

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (fr) Sections communales et communes d'Haiti par département