Noardfriezen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
Fral fan en:, de: en fy:
 
MeinRei (oerlis | bydragen)
lytse oanfolling
Rigel 8:
De Noardfriezen wurde sjoen as in autochtoane minderheid yn [[Dútslân]]. Der is berekkene dat der likernôch 50.000 minsken libje yn de regio Noardfryslân, foar 165.795 minsken oer yn it distrikt. 8.000 oant 10.000 fan dy 50.000 prate noch ien fan de Noardfryske dialekten, wat delkomt op likernôch 5,1% oant 6,3% fan 'e befolking. Oan sawat 1.400 skoalbern wurdt it Frysk leard <ref>[http://www.landtag.ltsh.de/parlament/minderheitenpolitik/friesen.html Argyf fan it parlemint fan Sleeswyk-Holstein]</ref>. Fan de 165.795 minsken yn Noardfryslân beskôgje sa'n 60.000 (oftewol sa'n 38%) harsels as Noardfriezen.
 
Om 800 hinne hawwe de [[Friezen]] de Noardfryske eilannen kolonisearre. It is net wis wêr't hja krekt weikamen, mar der wurdt oannaam dat dizze earste weach ferbân hie mei de kriich tusken [[Franken]] en Friezen. De twadde weach hat om it jier 1100 hinne plak hân; dy groep, út [[Easterlauwersk Fryslân]], hat him op it fêstelân fêstige tusken de rivieren de [[Eider (rivier)|Eider]] en de [[Wiedau]] op de Deensk-Dútske grins. <ref>[http://www.nf-verein.de/geschichte.htm Noardfryske Feriening]</ref>. De ierst bekende tekst yn it Noardfrysk is in oersetting fan 'e kategismus fan [[Maarten Luther]] út likernôch 1600. Pas oan it begjin fan 'e njoggentjinde ieu kamen der mear Noardfryske teksten. Yn de [[20e ieu]] krige de taal in eigen plak yn it ûnderwiis. De Noardfriezen ferlearen yn [[1344]] troch harren nederlaach tsjin de Denen yn de [[Slach by Langsundtoft]] foargoed harren ûnôfhinklikens.
 
De Noardfriezen wurde yn de polityk fertsjintwurdige troch de regionale partij fan Sleeswyk-Holstein, [[Südschleswigscher Wählerverband]], dy't yn [[1948]] oprjochte is. De earste jierren fan har bestean krige de SSW in soad stimmen by de ferkiezings, dêrnei gie it rap nei ûnderen. Sûnt de jierren njoggentich kriget de partij stadichoan wer mear stimmen. Nei de ''Kommunalferkeizings'' fan 2003 wiene yn 'e Kreistag (parlemint fan in krite) yn Flensburch 11 fan de 43 leden fan de SSW. De partij hat ek seis sitten yn 'e Kreistag fan Sleeswyk-Flensburch en fjouwer yn 'e Kreistag fan Noard-Fryslân. Yn 'e gemeenten dy't by dy kriten heare binne der mei-inoar 134 sitten yn 'e kriten Noard-Fryslân, Sleeswyk-Flensburch, Rendsburch-Eckernförde.