Willem Augustin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
L Ljouwert (stêd)|
Aliter (oerlis | bydragen)
L rôltsjeriden
Rigel 5:
Willem Augustin waard berne yn Amsterdam. Yn de rin fan de [[Twadde Wrâldkriich]] waard er as part fan de [[Arbeids Einzats]] nei [[Dútslân]] stjoerd te wurkjen. Nei de oarloch wurke er oant syn pinsjoen yn Amsterdam as metaalwurker. Hy wie in oertsjûge [[kommunisme|kommunist]].
 
Hy waard ferneamd omdat er yn [[1941]] oer de [[Ofslútdyk]] fytste om mei te riden yn de alvestêdetochtAlvestêdetocht, neidat er de lêste trein fan [[Amsterdam]] nei [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] mist hie. Augustin hat oan alle Alvestêdetochten sûnt 1941 meidien, mar ien net útriden. Hy hathie acht krúskes.
 
Hy wie syn libben lang mei sport dwaande. Fan de iepening fan de [[Jaap Edenbaan]] ôf wie Willem Augustin, of foar Amsterdammers ''Ome Willem'', dêr aktyf as reedrydtrener. Fierder die er oan [[boksen]], oan [[fytsen]] en oan [[rugby]], en letter oan [[roltsjereedridenrôltsjeriden]].
 
Nei syn pinsjoen yn [[1989]] ferfarre er nei [[Hylpen]]. Hy wenne dêr tichtby it [[Earste Fryske Redensmuseum]], dêr't er ek aktyf wie as frijwilliger. Hy wie stoppe mei de oare sporten, mar die hieltiid noch oan reedriden en roltsjereedridenrôltsjeriden, en wie dêrby hieltiid noch aktyf as trener.
 
Augustin rekke twa wiken foar syn dea slim ferwûne by in ûngelok yn'e hûs; hy rekke nei it [[Antoniussikehûs]] yn [[Snits]], dêr't er op'e âldens fan 81 jier ferstoar.