Algemien Begraafplak fan Snits: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L WPCleaner 0.99 - Square brackets not correct end (Opgemerkt door Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
MeinRei (oerlis | bydragen)
Rigel 17:
De goalera betsjutte ek ekonomysk in klap foar Snits. De stêd moast in soad jild útjaan om maatregels treffe te kinnen dy't de gefolgen fan de goalera beheine moasten en it op 'e nij útbrekken fan de sykte tefoaren komme moasten.
 
Ien fan de maatregels wie yn 1826 it ferbieden fan it begraven yn de [[Martinitsjerke (Snits)|Martinitsjerke]]. Yn [[1827]] waard it (Âld) Hôf om de tsjerke hinne sletten.Sa koene tsjerke en hôf gjin besmettingsboarne mear wêze en it stedsbestjoer luts fl. 2902, 451/2 út om it Martinihôf oer it hiele oerflak oan te stampen en mei stien en semint te befluorjen.
 
Oan de Koarte Freugde waard, earder as de bedoeling wie in nij hôf oanlein. Dat wie net allinne needsaaklik om nij besmettingsgefaar tefoaren te kommen, mar ûndertusken ek omdat it (Âld) Hôf om de Martinitsjerke hinne fol rekke wie mei al dy slachtoffers fan de sykte.
 
It ûntwerp fan it nije hôf waard makke troch stedsarsjitekt Pieter Jentsjes Rollema en op [[3 desimber]] [[1827]] koe de earste deade dêr te hôf brocht wurde. Yn [[1828]] krige de leane dy't nei it hôf liedt offisjeel de namme Tsjerkhôfsleane. Dêrmei wurdt dus ûnrjochtlik suggerearre dat er nei in hôf by in tsjerke liedt.
 
== It eardere kleaster ==