Jever: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: sl:Jever
MeinRei (oerlis | bydragen)
Rigel 9:
Fan âlds wie Jever in wichtich plak. Yn de [[10e ieu|10e]] en [[11e ieu]] hie de stêd in grutte seehaven, dy’t nei ferrin fan tiid troch it slyk ticht gie. Dochs bleaun de stêd in wichtich hannelsplak en krige it yn [[1347]] [[stedsrjochten]].
 
Nei de dea fan de lêste haadling fan Jever, [[Edo Wiemken de Jongere]], yn [[1511]], ferlear Jever harren ôfhinklikheid en kaam it koarte tiid yn hannen fan Greve [[Edzard de Grutte]] fan East-Fryslân. Wêrnei it wer ôfhinklik waard ûnder Mary, de dochter fan Edo. Har dea yn [[1575]] waard in skoftke stil hâlden omdat de lieders fan Jever bang wienen foar it werom kearen fan de Eastfriezen. Yn stee fan de [[Eastfriezen]] foel Jever yn hannen fan Oldenboarch. Letter krigen ek de Saksen en Denemark Jever wer foar in skoft yn hannen.
 
Yn [[1667]] makke Jever diel út fan it âld-hearskip [[Anhalt-Serbst]]. Neidat [[Freedrik August]], dy’t de [[Ingelân|Ingelsken]] finansjeel holpen hie yn de [[Amerikaanske Revolúsjonêre Kriich]], yn [[1793]] stoar, foel Anhalt-Serbst útinoar. De stêd kaam doe yn hannen fan de [[Ruslân|Russyske]] tsares [[Katarina II fan Ruslân|Katarina de Grutte]], in prinses fan Anhalt-Serbst, dy’t Jever en it gebiet derom hinne erfde.