Jever: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
MeinRei (oerlis | bydragen)
Rigel 15:
Jever bleau Russysk oant de komst fan [[Napoleon]]. Hy bemastere it gebiet yn [[1807]], en by de [[Frede fan Tilsit]] moasten de Russen it gebiet ôfstean. East-Fryslân wie fan [[1808]] oant [[1810]] ûnderdiel fan it [[Keninkryk Hollân]], in Frânske fazalsteat. Kening [[Loadewyk I fan Hollân]] stelde Frânsk-Nederlânske generaal [[Étienne Jacques Travers]] oan as baron fan Jever. Yn [[1813]] kaam Jever wer yn hannen fan de Russen, fiif jier letter stienen dizzen it wer ôf oan Oldenboarch.
 
Omdat Anhalt-Serbst de feilichheid foar [[Joaden]] garandearre waard Jever it sintrum fan it Joadske libben yn Eastfryslân. Dit bleaun sa oant it begjin fan de [[20e ieu]], doe’t in protte jonge joaden nei gruttere steden ta gongen foar in bettere takomst. Letter flechten in protte joaden foar it groeiende [[anty-semitismeantisemitisme]]. Hjirtroch wenne der yn [[1938]] noch mar de helte fan it tal minsken dat earder yn Jever wenne, noch mar 98 joaden wienen yn dat jier oer bleaun. De synagoge út [[1802]] waard yn de [[Kristalnacht]] hielendal ôfbrutsen.
Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] wienen der yn [[Nederlân]] fier foardere plannen om in part fan Dútslân, wêrûnder ek Jever, te anneksearjen. By de [[Dútslânkonferinsje]] fan [[1949]] waard besletten om dit plan net troch te fieren.