Saksyske Skeel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.5.2) (Bot - derby: nl:Saksische Vete; tekstwiziging
MeinRei (oerlis | bydragen)
[[]]
Rigel 4:
 
== Ferrin ==
In oar leger fan it Hillige Roomske Ryk ûnder lieding fan de greve fan Aldenboarch falt yn 1514 de Bûtjadinger Friezen oan yn de [[Slach by Langwarden]]. Tagelyk foel in oar leger fan it Hillige Roomske Ryk mei 20.000 man in fêsting by de stêd [[Lier (stêd)|Lier]] oan. Troch ien kannonskot waard de oanfierder fan dat leger deade en it grutte leger luts him werom. Dêrnei naam it leger fan de greve fan Aldenboarch mei de East-Fryske haadling Hero Omken fan Esens de boarch fan Grutsander yn. Hero Omken gie fierder en fernielde de trije boargen fan Dornum. Ek de fêsting by Stikhuzen gie yn dy rite ferlern. Edzard moast him weromlûke en stuts as dekking it Kleaster Mearhuzen yn 'e brân. De stêd Auwerk waard oanfallen en troch gefjochten en brânstifting alhiel ferneatige. Op in oar front feroveren soldaten fan de 'Swarte Garde' de Kommenderij Dunebroek. Dêrnei folge de ferneatiging fan Buermunken, Tjuche, Lierhaven en Rispel. De Fredeboarch kapitulearre. De boarch fan Aldgeudens waard ferneatige en de Boarch fan Kniphuzen ynnommen. Dêrnei kaam it op 14 juny 1514 by Oldersum ta in gefjocht tusken [[East-Friezen]] en de Swarte Garde. Dat wie de earste kear dat de Swarte Garde net fierder kaam. Op 16 augustus waard foar in twadde kear fergees besocht de stêd yn te nimmen. Yn 1515 kearde it tij foar Edzard de Grutte. De boarch by Grutsander en Bûtjadingen wurde werom ferovere. It konflikt duorre noch oant 1517. Yn 1516 gie de [[skâns]] by Deteren ferlern. Oan it begjin fan 1517 slagge it Edzard de Grutte om de Fredeboarch werom te feroverjen. Troch de Zeteler Frede fan 3 desimber 1517, tekene mei twa oare greven fan it Hillige Roomske Ryk, wurdt it súdeasten fan East-Fryslân definityf ynlive by Aldenboarch.
 
== Gefolgen ==