Martinytsjerke (Boalsert): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wurkleas
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
yn elkoar skood
Rigel 1:
[[Ofbyld:Martinikerk Bolsward.jpg|thumb|''Martinytsjerke'']]
De '''Martinitsjerke''' fan âlds de Herfoarme gemeente fan [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] en yn 2010 ien fan de twa PKN-gemeentes It is in âlde pseudobaselyk dy't op in [[terp]] yn it sintrum fan Boalsert stiet.
[[Ofbyld:Martinikerk Bolsward schildering geboorte Christus.jpg|thumb|''Skildering berte fan Kristus]]
De '''Martinytsjerke''' is in [[Gotyk|goatysk]] tsjerkegebou fan de Herfoarme Gemeente op in terp yn it sintrum fan [[Boalsert (stêd)|Boalsert]].
De Martinytsjerke fan Boalsert wie yn de midsieuwen in dekenaatstsjerke yn [[Westergoa]]. Yn de 15e ieu waard, fan 1446 - 1466, de tsjerke fernijd en útwreide. Wat earder yn de 15e ieu wie de toer al boud. Yn 1459 waard de tsjerke wijd troch de destiidske [[Biskoppen fan Utert|biskop van Utert]], [[David fan Boergonje]]. De tsjerke wurdt in [[pseudobasilyk]] neamd om de relatyf lege ljochtbeuken.
 
Yn de tsjerke binne yn de noardboek skilderings bewarre bleaun út de twadde helte fan de [[15e ieu]]. It betreft ferskate bibelske foarstellings, wêrûnder de berte fan Kristus (sjoch: ôfbyld). Yn de tsjerke steane koarbanken, dy't diels út de [[Broeretsjerke]] fan Boalsert komme en diels út de Martinytsjerke sels. De banken binne fersierd mei goatysk fykwurk (sjoch ôfbyld). Ek de preekstoel hat in soad houtfykwurk; de fjouwer panielen byldzje de fjouwer seizoenen út. De preekstoel, makke yn 1662, wurdt om samar te sizzen droegen troch twa earnen en in ingel. It doopfont hearde net oarspronklik yn de Martinytsjerke, mar komt út [[De Kúnder]]. De froedskipsbank is fan [[1722]]. Under de grêfsarken falle op de yn 1620 troch Hans Schuuneman makke portretsark foar Godschalk fan Heerma en dy syn twadde frou Sits fan Cammingh op en de [[renêssânse]]sarken makke troch Benedictis Gerbrandts.<ref>Karstkarel, side 58</ref>
Mei troch it bekende Hinsz-oargel en de goede akoestyk wurdt it gebou faak brûkt troch organisten en koaren foar útfierings. Jierliks wurdt de Mattheuspassion útfierd troch de Boalserter Oratoariumferiening en it Snitser Kantatekoar, eartiids mei it [[Frysk Orkest]]. It Hinz-oargel (1781) wurdt dan ek brûkt, foar de koarpraktyk is der in koaroargel. Ek wurde der kantatemiddeis hâlden mei as hichtepunt de gearsang foar de krystdagen.
 
Mei troch it bekende Hinsz-oargel en de goede akoestyk wurdt it gebou faak brûkt troch organisten en koaren foar útfierings. Jierliks wurdt de Mattheuspassion útfierd troch de Boalserter Oratoariumferiening en it Snitser Kantatekoar, eartiids mei it [[Frysk Orkest]]. It Hinz-oargel (1781) wurdt dan ek brûkt, foar de koarpraktyk is der in koaroargel. Ek wurde der kantatemiddeis hâlden mei as hichtepunt de gearsang foar de krystdagen. It oargel, mei 42 registers en 3186, pipen is boud troch de oargelbouwer [[Albertus Antoni Hinsz]] en waard yn 1781 ynwijd. It oargel waard yn letter jierren fierder útwreide en yn 2002 restaurearre.
 
Jierliks wurdt ek it Nasjonaal Oargelymprovisaasjekonkoers hâlden en yn de simmer binne der oargelkonserten mei gastorganisten en kantororganist. Yn oktober is der in feestkonsert ta gelegenheid fan de útrikking fan [[Gysbert Japicxpriis]] en de [[Joast Halbertsmapriis]]. Oant ein santiger jierren troch it Frysk Orkest en de boalserter Oaratoariumferiening. Lieding hjirby hie kantororganist Adriaan Houtman ( Schiedam, 1924 ) dy't yn 1967 Gezinus Schrik opfolge. Houtman wie learaar muzyk en konrektor oan de ryksskoallemienskip yn Snits.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
De toer hat fjouwer liedklokken, ien foar manlju (út 1640), froulju (út 1533), jonges (út 1688) en famkes (út 1955).<ref>Martinikerk Bolsward</ref>
<references/>
 
<gallery>
Ofbyld:Martinikerk2 Bolsward interieur.jpg|''Ynterieur Martinytsjerke (mei Hinszoargel)''
Ofbyld:Martinikerk Bolsward detail koorbank.jpg|''Houtfykwurk koarbank (Mozes slacht wetter út de rots)''
Ofbyld:Martinikerk Bolsward detail preekstoel.jpg|''Detail fan de preekstoel''
Ofbyld:Martinikerk3 Bolsward interieur.jpg|''Ynterieur Martinytsjerke''
</gallery>
 
{{boarnenBoarnen|boarnefernijing=
* {{EvhhF|Martinikerk Bolsward}}
----
}}
* '''Noat'''
[[Kategory:Boalsert]]
<references/>
</references>
-----------
* {{Aut|Karstkarel, Peter}} - ''Alle middeleeuwse kerken: Van Harlingen tot Wilhelmshaven'' (2007) Ljouwert/Grins, Utjouwerij Noordboek, ISBN 978 9033005589
* ''Martinikerk Bolsward'', Tsjerklik Buro Herfoarme Gemeente Boalsert}}
 
{{Koördinaten|53_3_52.25_N_5_31_35_E_type:building_region:NL|53° 3’ 52″ NB, 5° 31’ 35″ EL}}
 
[[Kategory:Bouwurk yn Boalsert]]
[[Kategory:Tsjerkegebou yn Fryslân]]
 
[[en:Protestant church of Bolsward]]
[[nl:Martinikerk (Bolsward)]]