Eastfriezen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
Fan en: wurdt noch oan wurke
 
MeinRei (oerlis | bydragen)
wurkleas
Rigel 1:
{{wurk}}
[[Ofbyld:Ost-Friesland.png|thumb|right|300px|[[Eastfryslân]] en [[East-Fryslân]].]]
'''Eastfriezen''' ([[Dútsk]]: ''Ostfriesen'') binne, yn rûmere betsjutting, de ynwenners fan [[East-Fryslân]] yn it noardwesten fan de Dútske dielsteat [[Nedersaksen]]. Yn de lytsere betsjutting binne de '''Eastfriezen''' de eastlike tak fan de [[Friezen]], in [[Germanen|Germaansk folk]] en beheart, mei de [[Denen]], [[Sorben]], [[Sinty]] en [[Roma (folk)|Roma]] ta de erkende minderheden yn Dútslân.<ref>[http://die-friesen.eu/friesen/sonstiges/bmi.pdf "Stellungnahme des Innenministeriums zur Stellung der Ostfriesen"]</ref> Hja binne nau besibbe mei de [[Sealterfriezen]], dy't ôfkomstich binne út East-Fryslân en ferfearn binne fan de kuststreek nei it binnenlân.
Line 5 ⟶ 4:
De Eastfriezen binne ek besibbe oan de [[Noardfriezen]] en de [[Westfriezen]] út [[Westerlauwersk Fryslân]]. Eastfriezen komme fan [[East-Fryslân]] yn it noardwesten fan Dútslân. Somtiden wurde alle Friezen út de eastlike Fryske gebieten (Eastfriezen, [[Sealterfriezen]], [[Bûtjadingers]], [[Wûrstfriezen]], [[Jeverfriezen]], Aldenboarchfriezen, Rüstringenfriezen) oantsjutten as Eastfriezen.
 
Nei alle gedachten wurdt de mearderheid fan East-Fryslân noch bewenne troch de Eastfriezen. Krekte sifers binne der lykwols net fan, omdat it oansluten by in bepaalde etnyske groep frij is en de tellings freegje net freegje nei etnisiteit. De Eastfriezen hawwe, yn tsjinstelling ta de Noard en West Friezen, harren [[Fryske talen|Fryske taal]] gau ferlern. It pleatslike dialekt is no [[Eastfrysk (Nederdútsk)|Plat East Frysk]]. YnDer deis noch ien [[Fryske RieEastfrysk]] binnedialekt hjaoer: opnommenit as[[Sealterfrysk]] dedat mei sa''East''n seksje2.250 sprekkers praat wurdt yn [[Sealterlân]].
 
Hoewol't de Eastfriezen harren eigen taal ferlern binne, hawwe se harren eigen, Fryske identiteit oant hjoed de dei ta witten te behâlden. Sa hawwe de Eastfriezen harren eigen tradysje yn it [[tee]]drinken: de East-Fryske tee is sterk en gleonhjit en wurdt dronken mei in grou klûntsje sûker en mei in leppelfol slachrjemme. Dêrby wurdt faak porsleinguod út it Thüringske Wallendorf brûkt, mei de eigen East-Fryske roas derop. Ek beöefenet mannich Eastfries tradysjonele sporten as "Boßeln" en "Klootschießen". De Eastfriezen binne noch faak grutsk op harren Fryske komôf. Yn East-Fryslân waard, ta behâld fan dy eigen identiteit, yn 1949 sels de ''Ostfriesische Landschaft'', foarhinne de Eastfryske stannen, omfoarme ta in kulturele organisaasje, dy't min of mear funksjonearret lykas yn Westerlauwersk Fryslân de [[Fryske Akademy]]. Yn de [[Fryske Rie]] binne hja opnommen as de ''East'' seksje.
 
== Bekende Eastfriezen ==
[[Ofbyld:Zelfportret Bakhuizen.jpg|thumb|left|200px|[[Ludolf Bakhuizen]] (1630–1708)]]
* [[Rudolf Eucken]], filosoof. Berne yn [[1846]] yn [[Auwerk (stêd)|Auwerk]]. Hy wie winner fan de [[Nobelpriis foar de Literatuer]] fan 1908.
* [[Otto Waalkes]], komyk, sjonger en toanielspiler. Berne yn [[1948]] yn [[Emden]]. Waalkes is ferneamd wurden om syn shows, boeken en films.
* [[Rudolf von Jherig]], rjochtslearde. Berne yn [[1818]] yn Auwerk, sûnder mis ien fan de aldergrutste rjochtslearden mei ynternasjonale ynfloed.
* [[Hermine Edenhuizen]], froulike gynekolooch ([[1872]] - [[1955]]). Waard yn [[Pewsum]] berne. Sy wie de earste, offisjeel registearre, froulike dokter yn Dútslân.
* [[Henri Nannen]], sjoernalist en útjouwer. Berne yn [[1913]] yn Emden.
* [[Philipp Fürchtegott Reemtsma]], tabaksfabrikant ([[1893]] - [[1959]]. Waard berne yn [[Osterholz-Scharmbeck]].
* [[Ludolf Bakhuizen]], skilder út [[1630]]. Hy ûndergong sterk de ynfloed fan de Nederlânske skilderkeunst.
* [[Arp Schnitger]], fan [[1648]] is ien fan de meast ferneamde oargelbouwers.
 
== Boarnen ==