Ferskil tusken ferzjes fan "Teuderik I"

73 bytes grutter ,  10 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
(wurkleas)
 
== Skiednis ==
Teuderik waard om [[485]] berne, hy wie de âldste soan fan kening [[Klovis I]] dy't alle [[Franken (folk)|Frankyske]] folken ûnder ien bewâld feriene hie en machtichste hearsker fan de eardere Romeinske provinsjes yn [[Galje]]. Syn mem is net bekend en wie fermoedlik in konkubine. Syn broers hiene in oare mem, [[Klotildis]], in [[Boergonden|Boergondyske]] prinses.
 
Yn opdracht fan syn heit Al in [[508]] liede hy in fjildtocht yn [[Auvergne]]. Nei de dea fan syn heit yn [[511]] waard it Frankyske ryk opdiele yn fjouwer parten. Eltse soan krige in eigen diel en Teuderik waard kening fan [[Austraasje]], it meast eastlike diel fan it ryk. As residinsje keas er [[Reims]]. Fan dêrút besocht er Austraasje fierder nei it easten út te wreidzjen yn [[Germaanje]]. Mei syn broer [[Klotarius I]] late hy yn [[531]] in fjildtocht tsjin de [[Türingers]] yn [[Türinge]] en ferovere grutte parten tusken de rivieren de [[Elbe (rivier)|Elbe]] en de [[Main]].
19.955

bewurkings