Ferskil tusken ferzjes fan "Teuderik I"

15 bytes grutter ,  10 jier lyn
red
(plaatsje)
(red)
Teuderik waard om [[485]] berne, hy wie de âldste soan fan kening [[Klovis I]] dy't alle [[Franken (folk)|Frankyske]] folken ûnder ien bewâld feriene hie en machtichste hearsker fan de eardere Romeinske provinsjes yn [[Galje]]. Syn mem is net bekend en wie fermoedlik in konkubine. De jongere broers fan him hiene in oare mem, [[Klotildis]], in [[Boergonden|Boergondyske]] prinses.
 
Yn opdracht fan syn heit Al inyn [[508]] liede hy in fjildtocht yn [[Auvergne]]. Nei de dea fan syn heit yn [[511]] waard it Frankyske ryk opdiele yn fjouwer parten. Eltse soan krige in eigen diel en Teuderik waard kening fan [[Austraasje]], it meast eastlike diel fan it ryk. As residinsje keas er [[Reims]]. Fan dêrút besocht er Austraasje fierder nei it easten út te wreidzjen yn [[Germaanje]]. Mei syn broer [[Klotarius I]] late hy yn [[531]] in fjildtocht tsjin de [[Türingers]] yn [[Türinge]] en ferovere grutte parten tusken de rivieren de [[Elbe (rivier)|Elbe]] en de [[Main]].
 
Doe't hy twa jier letter ([[533]]) troch kening [[Herminafrid]] fan Türingen útnoege waard foar in besyk oan [[Zülpich]] waard hy lykwols fan de stedsmuorre ôfsmite en ferstoar. Syn soan [[Teudebert I]] folge him op as kening fan [[Austraasje]].
 
== Teuderik en de Friezen ==
Under Teudebert hawwe de Franken net hearske hawwe oer de Ryndelta, mar ûnderhâlden wol diplomatike bannen met de [[Friezen]]. Neffens de ''[[Liber Historiae Francorum]]'' stjoerde Teuderik syn soan [[Teudebert I|Teudebert]] nei it noarden ta om tenei de Friezen by te stean tsjin de [[Denemark|Denen]] dy't dêr in ynfal dienen, (sjoch: de [[slach oan de Ryn]]).
 
[[Kategory:Kening fan de Franken]]
19.956

bewurkings