Olympyske Simmerspullen 1904: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
MeinRei (oerlis | bydragen)
Rigel 49:
==Maraton==
[[Ofbyld:Marathon race during 1904 Summer Olympics.jpg|thumb|200 px|rechts|Foto fan de maraton ûnder de Spullen fan Saint Louis yn 1904]]
De maraton fan de Spullen yn Saint Louis is ien fan de frjemdste barren op de Olympyske Spullen ea. De wedstriid waard hâlden mei tige waarm waar en op stoffige diken dêr't auto's en hynders foar noch mear stof soargen. De [[Kuba|Kubaanske]] dielnimmer Carvajal, postboade fan berop, kaam nei in lange tocht te foet oan by de start yn syn deiske klean, om't er gjin sportklean hie. Neidat in oare dielnimmer him holpen hie in stik fan syn broekspipen te knippen om der dochs noch wat sportyfs fan te meitsjen, koe de Kubaan fan start. Hy waard úteinlik fjirde nettsjinsteande it feit dat hy ûnderweis in oantal kearen stil hâlden wie om in praatsje te meitsjen mei de taskôgers en hy lêst fan de mage krige fan de appels dy't er ûnderweis iet. It earst oer de finish wie [[Fred Lorz]]. Hy wie allinne eins al nei in pear kilometer útfallen en hie it parkoers foar in grut part yn in [[auto]] ôflein. Doe't de auto stikken gie naam Lorz it beslút om de rest mar te rinnen. Hy kaam as earste oan en hja tochten dat hy hie wûn. Pas nei de medalje-útrikking waard dúdlik dat hy in grut part yn in auto ôflein hie. Syn medalje waard him ôfnommen en hy waard foar it libben skorst. In jier letter waard dizze skorsing wer ynlutsen en wist er yn [[1905]] de maraton fan Boston te winnen. De úteinlike winner, de Brit Thomas J. Hicks, dy't útkaam foar de Feriene Steaten, hie ûnderweis in oantal ynsinkingen hân. Hy krige dêrom fan syn treners ûnder oare Strychnine mei kognac om him by de tiid te hâlden. Alhoewol't er ûnderstipe waard troch syn treners doe't hy oer de finish kaam, waard hy dochs as winner oanwiisd. [[Len Tau]], in Afrikaan ôfkomstich fan de Tswana-stam dy't útkaam foar it mingde team mei sporters út ferskeidene lannen. Hy wie der eins foar de [[Wrâldútstalling]] yn Saint Louis. Hy kaam as njoggende oer de finish. Syn resultaat hie better wêze kintnenkinnen as er net troch in hûn efterfolge wie dy't him mear as in kilometer fan it parkoers ôf jage hie.
 
==Sporten==