Trompet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Barok - Verwijzing(en) gewijzigd naar barokmuzyk
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: csb:Trąbka; tekstwiziging
Rigel 2:
De '''trompet''' is in [[koperblaasynstrumint]] wêrby't it lûd ûntstiet troch mei spande lippen yn it mûlestik te blazen. De trompet klinkt frij heech en hat in heldere, trochkringende toan. De ôfstân fan it mûlestik oant de beker is sa'n 50 sintimeter. De lingte fan de buis fariearret lykwols ôfhinklik fan hoe't it ynstrumint stimd is. De buis is foarsjoen fan in trijetal fentilen of - yn it gefal fan in skotrompet (net te betiizjen mei in [[tromboane]]) troch in skúf. De trompet einiget yn in trachterfoarmige beker, lykas by de measte koperblaasynstruminten. De trompet hat fan âlds in silindryske buis dy't in skerpe klank opjout, en dêrom wurdt er by it skerp koper rekkene. Troch de ieuwen hinne binne de mûlepiip (it earste stik nei it mûlestik) en de beker lykwols hieltyd mear koanysk wurden om it ynstrumint makliker bespylber te meitsjen. [[Adolphe Sax]] hat in hiele rige ynstruminten boud, de sakshoarns, dy't de ûntjouwing nei de moderne trompet sterk beynfloede hat.
 
== Gebrûk ==
[[Ofbyld:Mouthpiece trumpet.jpg|thumb|100px|It mûlestik fan in trompet]]
De trompet wurdt yn ferskate muzyksjenres brûkt. Yn de [[klassike muzyk]] komt er bygelyks yn [[symfony]]-orkesten en [[keamermuzyk|keamerorkesten]] foar, mar ek yn lytsere ensembles lykas it koperkwintet, en as solo-ynstrumint. Dêrnjonken wurdt de trompet ek yn de lichte muzyk brûkt, yn de [[jazz]], likegoed as yn de [[bigband]] as yn lytsere formaasjes en yn de [[popmuzyk]]. Bekende foarbylden út de jazz binne [[Miles Davis]], [[Chet Baker]] en [[Louis Armstrong]]. De trompet wurdt ek in soad yn [[harmony]]- en [[fanfare]]-orkesten brûkt. Fierder hat de trompet in wichtich ynstrumint yn it leger west.
Rigel 9:
De hjoeddeiske Bes-trompet hat in berik fan de lege Fis oant de hege C in oktaaf ferhege, dus sawat twa-en-in-heal oktaaf. As men de blaastechnyk goed behearsket kin de hichte útwreide wurde, yn fanfare-orkesten is dat lykwols net nedich. Der binne trompettisten dy't noch heger spylje, saneamde 'high-blowers', mar om soks te kinnen moat men in goede blaastechnyk hawwe.
 
== Skiednis ==
Primitive foarrinners fan de trompet bestiene 2000 foar Kristus al. De trompet sil ûntstien wêze, doe't de lju útfûnen dat hja lûd op materialen lykas skelpen of holle buizen meitsje koene. Ien fan de âldste boarnen dy't de trompet neamd, is de [[Hebrieuske Bibel]]. Dêr wurdt praat oer bazunen of silveren trompetten fan sa'n 50 sintimeter lang. Dy trompetten wiene net folle mear as in rjochte buis dy't op 'e ein op in trachter útrûn. De [[Egypte|Egyptners]] hiene lyksoartige trompetten, dêr't de trompetten fan [[Toetanchamon]] in foarbyld fan binne.
 
Rigel 53:
[[cy:Trwmped]]
[[cs:Trubka]]
[[csb:Trąbka]]
[[da:Trompet]]
[[de:Trompete]]