Falentinianus III: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 8:
 
[[Ofbyld:Europe map 450.PNG|right|thumb|Jeropa, likernoch 450.]]
Fieders is bekend dat ûnder syn regear it Romeinske ryk hurd tebek rûn; in tal wichtige provinsjes waarden nammentlik troch barbaren ferovere: [[Afrika (Romeinske Ryk)|Afrika]], wichtich foar de nôtfoarsjenning fan it ryk, gong ferlern oan de [[Fandalen]], yn [[Hispanje]] waard in grut gebiet ferovere troch de [[Sueven]], en [[Galje]] kaam hieltyd mear yn besit fan de [[Franken]], [[Fisigoaten]] en [[Boergonden]] en it Romeinske leger luts foarfêst fuort fan it Britse eilân [[Brittanje]]. Wol slagge generaal Aetius ûnder syn hearskippij, yn [[451]], deryn om de [[Hunnen]] tsjin te hâlden.
 
Yn [[454]] liet Falentinianus Aetius fermoardzje, mooglik om mear macht nei him ta te lûken, mar yn alle gefallen op inisjatyf fan [[Petronius Maksimus]], in rike patrysjer dy't mear macht hawwe woe. In jier letter waard Falentinianus sels fermoarde troch eardere troepen fan Aetius, al wienen dy nei alle gedachten ynhierd troch Petronius Maksimus. [[Petronius Maksimus]] soe syn opfolger wurde.