DeFriezen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 4:
De fernijingsbeweging wol dat [[Fryslân]] in autonoom lân binnen it [[Nederlân|Keninkryk fan de Nederlannen]] wurd en dat Fryslân sels mear te fertellen krijt oer harren eigen takomst. Neffens Damsma moat Fryslân op mear foech ta. De beweging tinkt dat Fryslân op die manier in bettere sosjaal-ekonomyske posysje krijt. At it safier komt, dan moatte de [[Waadeilannen]] ek in aparte status krije. DeFriezen hâldt him fjirder ûnder mear dwaande mei direkte demokrasy, de mooglike weryndieling fan Fryslân, de ynter-Fryske kontakten, ferbettering fan de ekonomy en de takomst fan de [[Ofslútdyk]]. Yn july 2008 hat de fernijingsbeweging in totaalfisy oer de Ofslútdyk by [[Rykswettersteat]] presintearre. Dizze fisy docht mei yn de plannen fan Rykswettersteat, de beide provinsjes, de gemeenten [[Wûnseradiel]] en [[Wieringen]] en it regear.
 
Yn 2009 hat de fernijingsbeweging deFriezen in eigen sosjaal-ekonomysk model/systeem ûntwikkele, it Fryske model of ek wol SMS (Social Multiplier System). De fernijingsbeweging hat yn 2010 in ûndersyk útfiere litten oft sy (wer) oan de Steateferkiezings fan Fryslân meidwaan moat. Likernoch 37% fan de ynwenners fan Fryslân fynt dat de beweging meidwaan moat. DeFriezenUteinliks riedethat deFriezen net oan dizze ferkiezings meidien; de fernijingsbeweging beriedet har no ta op dizzeharren ferkiezingstakomst. Mooglik wurdt de beweging opheven.
 
== Keppeling om utens ==