Karlsruhe (stêd): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Karslruhe werneamd ta Karlsruhe: Ferkeard stavere...
red
Rigel 25:
'''Karlsruhe''' is nei [[Stuttgart]] en [[Mannheim]] de tredgrutste stêd fan de dielsteat [[Baden-Wúrtemberch]]. De stêd leit oan de [[Ryn]], sa’n 10 kilometer fan de grins mei [[Frankryk]]. It stêdsgebiet beslacht 173 km² en der wenje 291.959 minsken (2008). Yn Karlsruhe stiet it [[Bundesverfassungsgericht]] (grûnwetlik gerjochtshôf).
 
De stêd waard, mei it begjin fan de bou fan it Kastiel Karlsruhe, stifte op [[17 juny]] [[1715]]. Fan 1806 ôf húsmannen de hartoggen fan Baden yn it kastiel. Yn 1919 waard Karlsruhe haadstêd fan de [[Frijsteat Baden]]. In jiermannich nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waarden de dielsteaten Baden en Wúrtemberch gearfoege ta ien dielsteat, dêr’t Stuttgart de haadstêd fan wurdewurden soeis.
 
Karlsruhe wurdt ek wol de ''Fächerstadt'' neamd, omdat de stedsopbou neffens fakken ferrint. It sintrum fan de stêd is it Kastiel Karlsruhe. De kastieltunen en it kastiel stean yn in rûne sirkel. Ut dy sirkel wei ûntspringe de strjitten fan it sintrum fan Karlsruhe yn in rjochte line.