Sandebuur: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wurkleas
MeinRei (oerlis | bydragen)
kat
Rigel 1:
'''Sandebuer''' is in [[buorskip]] yn it noarden fan de provinsje [[Drinte]]. Nei [[Peizermiede]] is it de meast noardlike wenkearn fan de provinsje. Sandebuer makket diel út fan de gemeente [[Noordenveld (gemeente)|Noordenveld]]. It bestiet út sechtjin [[pleats]]en, dêr't op noch mar trije dêrfan buorke wurdt.
 
De buorskip leit oan de súdrâne fan it Leekstermargebiet op ien fan de hege sântongen dy't in útrinner is fan it Drintske sângebiet. It lânskip is hjir licht gloaiend. De sânkop stekt wat boppe it omlizende lân út, wat noch fersterke wurdt trochdat de rest fan de omjouwing is ynklonken is troch ûntlûking fan focht oan it [[fean (grûnsoart)|fean]]. Hjirtroch is it allinnich fanút it suden oer de dyk te berikken. Nei it Noardennoarden ta liket it hjir de ein fan de wrâld te wêzen, mar op inkele kilometers ôfstân ferheft him it steedlik silhûet fan [[Hoogkerk]] en de stêd [[Grins (stêd)|Grins]].
 
It meastepart fan de huzen fan Sandebuer stiet as by in [[lintdoarp]] oan de dyk dy't in pear hûndert meter fan west nei east rint, mar oan beide siden hommels einget. 500 meter ten easten fan it buorskip leit in nuveraardich begraafplak fan [[Roanerwâlde]], dat op syn beurt wer sa'n 500 meter ten suden fan it begraafplak leit. Undersyk hat útwiisd dat oant ûngefear twa ieuwen lyn it doarp Roanerwâlde om it begraafplak lei, mar nei it suden fersetten wurde moast fanwege problemen mei de [[grûnwetter]]stân. Dêrút kin opmakke wurde dat Sandebuer en Roanerwâlde yn it ferline ien doarp foarme hawwe.
 
[[Kategory:NoordenveldPlak yn Noardenfjild]]
[[Kategory:Plak yn Drinte]]
 
[[en:Sandebuur]]