Makkumerwaarden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
tfs, red
Rigel 7:
 
== Skiednis ==
Foar [[1932]] bestienen de Makkumerwaarden noch mar út in rige keale sânplaten dy't by heech wetter ûnderrûnen. Nei de ôfsluting fan de Sudersee foelen de platen diels droech en rekke it gebiet ûntsâlte sadat it gebiet begroeid rekke mei ûnder oare reid en wylgebosken. De Noard- en Súdwaard waarden fan elkoar skieden doe't yn [[1928]] in geul baggele waard foar in bettere berikberheid fan de haven fan Makkum. Dêrby waard it baggerslib op de kop fan de Súdwaard stoarten, sadat him dêr nei ferrin fan tiid rekreaasjjesintrumrekreaasjesintrum ‘de Holle Poarte” ûntwikkelje koe. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] waard ûngefear de helte (± 100 hektare) fan de Súdwaard ynpoldere en omsetten yn greidepolders. Inkele jierren ferlyn waard it rekreaasjesintrum útwreide op in grut diel fan dizze grûnen troch ûnder oare de bou fan fakânsjehúskes, in rekreaasjestrân en wetterpartijen. De súdpunt en de rânen fan de Súdwaard binne diels bekaaid, mar wol natoergebieten bleaun mei benammen in soad reidfjilden. Yn de Noardwaard én yn de Koaiwaard is troch gedieltlike ferrûging fan de reidfjilden neist rûchten en strewellen ek in flink stik opgeand wylgebosk ûntstien.
 
== Floara en fauna ==
Rigel 19:
Op de noardside fan de Súdwaard, oan it Makkumer Djip, is in grut rekreaasjesintrum (de Holle Poarte) oanlein mei ûnder oare in grutte syl- en [[jachthaven]], in [[camping]], in rekreaasjestrân en in grut terrein mei fakânsjehúskes ('chalets').
 
De natoergebieten yn de Makkumerwaarden binne beperktbeheind tagonklik. Yn de Súdwaard is in wannelrûtekuierrûte oanlein en besteane plannen foar noch ien om it rekreaasjesintrum de Holle Poarte, dat inkele jierenjierren lyn belangryk útwreide waard. Op de Koaiwaard stiet in fûgelsjochhutte, te berikken nei in koarte wanneling fan it oan dit gebietsje wijde [[Fûgelmuseum Piaam]] “It Fûgelhûs” ôf. Fierders is dit gebiet fanôffan de omlizzende wegen en diken ôf prima te oersjen. In diel fan de Súdwaard tichtby it rekreaasjesintrum sil ynrjochte wurde as natoergebiet mei wannelgelegenheidkuiergelegenheid.
 
== Behear ==
De Makkumerwaard is in gebiet dat troch de trochgeande ferswieting en ferâldering fan de eartiids hielendal ûnbegroeide platen steesoan mear nei de foarming fan rûchten en bosken liket te gean. Hoewol't benammen de natoerwearden fan de reidlannen bekend binne, wurde ek de waarden fan bosk en rûchte troch de behearders heech ynskatten, sadat se har foar in grut part by dizze natoerlike ûntwikkeling dellizze.
 
De floara en fauna fan de ûndjippe kustwetters toant, al wurdt it minder, noch altiten de spoaren fan it sâlte ferline fan foar de Ofslútdyk. Om dêrfandêr wat fan te bearjen en mooglik werom te krijen, binne plannen yn stúdzje om in eksperimintele "kompartimentearring" te meitsjen tusken de ôfslútdyk en de Noardwaard, sadat in inkele hûnderten hektare grut gebiet wer wat fersâltsje kinne soe.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=