Dellebuorsterheide: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
Nije Side: De '''Delleboersterheide''' is in beekdallânskip fan 195 hektare bylâns it Tsjongerkanaal by Aldeberkeap. Yn it gebiet leit it heidemarke de Catspoele. De Hoarn jout in byld... |
wurkleas |
||
Rigel 1:
De '''Delleboersterheide''' is in beekdallânskip fan 195 hektare bylâns it [[Tsjongerkanaal]] by [[Aldeberkeap]]. Yn it gebiet leit it heidemarke de [[Catspoele]]. De Hoarn jout in byld fan de rivierdúntsjes, sa't dy eartiids folle mear lâns de rin fan de [[Tsjonger]] leinen. It gebiet wurdt beheard troch [[It Fryske Gea]].
== Skiednis ==
Sûnt de earste oankeap yn [[1951]] is it gebiet sterk útwreide, in proses dat
Ek de eardere kultuergrûn is oanpakt. De toplaach fan fiedselrike grûn is ôfgroeven en ôffierd, wylst it oarspronklike reliëf wersteld is. Hjirtroch binne heuveleftige lânskippen mei plassen ûntstien, fergelykber mei de eardere situaasje.
== Floara en Fauna ==
Op de Dellebuorren sitte noch party amfibyën en reptilen. [[heidekikkert|Heidekikkert]], libbenbaarjende hagedis en [[njirre]] libje hjir en ek de seldsume [[glêde slang]] oantroffen. Grutte stikken fan de Delleboersterheide binne droech en begroeid mei [[biezemheide]]. [[beikeheide|Beikeheide]] foarmet der fraaie mozaïken. Mar ek wiete heide, wêryn in protte [[skrobberheide]] en [[seadsigge]], groeie hjir. [[bûtergers|Bûtergers]], in seldsum wurdende plant bliuwt stânhâlden oan de foet fan de heuveltsjes. Oan de wat fochtige paden groeit it [[skieppeklokje]], in waardplant foor it frij seldsume en hjir foarkommende [[gintsiaanblautsje]]. Dêrneist komme op de heide brune fjoerflinter, grientsje en heideblautsje foar.
Op de Dellebuorren binne wol 27 soarten libellen oantroffen, dy't ûnder oare gebrûk meitsje fan heidefintsjes, lykas bygelyks de seldsume fine pânserjuffer. De boaiem fan de boskjes mei [[simmeriik]], [[bjirk]] en en grouwe din is benammen begroeid mei [[bjint]]. De boskgebieten kenne de gewoane sjongerkes, mar ek [[mûzefalk]] en [[hauk]] briede der, krektas de [[beampiper]] en de [[beamljurk]]. Oan de boskrânen en yn it strewel binne [[gielfink]], [[swartkieltsje]] en [[paapke]] te sjen. Ek de [[das]] wennet yn it boskgebiet, op de heechlizzende flank fan de Tsjonger.
== Behear ==
It behear bart meast mei de hjir gerskjende Skotske heechlanners, Exmoorponys en Drintske heideskiep. Dêrneist wurde de beekdalgerslantsjes yn augustus meand en
{{Boarnen|boarnefernijing=
|