Glee (telefyzjesearje): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
FK-4 (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''Glee''' is in Amerikaanske, komyske en musikale tillevyzjesery út 2009 fan Fox. It ferhaal giet oer in groep jongerein dy't mei in dosint Spaansk in ko...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 31 mai 2011 om 00.19

Glee is in Amerikaanske, komyske en musikale tillevyzjesery út 2009 fan Fox. It ferhaal giet oer in groep jongerein dy't mei in dosint Spaansk in koar begjint op harren skoalle. Dit is de fiktive William McKinley High School yn Lima (Ohio). Sintraal stean de brektmen fan elts fan harren en hoe't hja opbokse moatte tsjin de foaroardielen fan 'e oare studinten en ferskate dosinten (lykas de gemiene 'Sue Sylvester', dy't it koar sjocht as in bedriging foar har cheerleaders).

De sery is in súkses sjoen nei de sjochsifers en Fox woe nei trije ôfleverings in hiele rige fan 22 ôfleverings. Yn it begjin fan 2010 makke Fox ek de twadde rige fan 'e rige buorkundich. Op 23 maaie 2010 joech Fox ek oan dat de rige ek in tredde seizoen krije soe. Dit sil de kosten fan it programma drokke kinne en de skriuwers de kâns biede om foarút te tinken by it skriuwen fan 'e senario's.

De sjo waard betocht troch Ian Brennan en ûntwikkele troch Ryan Murphy. Yn Nederlân is de rige sûnt 14 septimber 2010 eltse wike op tiisdei te besjen op RTL 5. Yn Flaanderen is de rige sûnt 27 desimber 2010 te sjen op 2BE. De rige waard al nei 2 wiken fan 'e tillevyzje ôfhelle troch tsjinfallende sjochsifers. De rige wurdt sûnt 19 febrewaris 2011 útstjoerd op sneontejûn.