Glee (telefyzjesearje): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
FK-4 (oerlis | bydragen)
No edit summary
FK-4 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Glee''' is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]], komyske en musikale [[tillevyzje]]sery út [[2009]] fan Fox. It ferhaal giet oer in groep jongerein dy't mei in dosint [[Spaansk]] in koar begjint op harren skoalle. Dit is de fiktive ''William McKinley High School'' yn Lima ([[Ohio]]). SintraalYn steaneltse ôflevering sitte in pear lietsjes dy't by it ferhaal passe en sintraal steane de brektmen fan elts fan harren en hoe't hja opbokse moatte tsjin de foaroardielen fan 'e oare studinten en ferskate dosinten (lykas de gemiene 'Sue Sylvester', dy't it koar sjocht as in bedriging foar har [[cheerleaders]]).
 
De sery is in súkses sjoen nei de sjochsifers en Fox woe nei trije ôfleverings in hiele rige fan 22 ôfleverings. Yn it begjin fan 2010 makke Fox ek de twadde rige fan 'e rige buorkundich. Op 23 maaie 2010 joech Fox ek oan dat de rige ek in tredde seizoen krije soe. Dit sil de kosten fan it programma drokke kinne en de skriuwers de kâns biede om foarút te tinken by it skriuwen fan 'e senario's.
Rigel 5:
De sjo waard betocht troch [[Ian Brennan]] en ûntwikkele troch [[Ryan Murphy]]. Yn [[Nederlân]] is de rige sûnt 14 septimber 2010 eltse wike op tiisdei te besjen op [[RTL 5]]. Yn [[Flaanderen]] is de rige sûnt 27 desimber 2010 te sjen op [[2BE]]. De rige waard al nei 2 wiken fan 'e tillevyzje ôfhelle troch tsjinfallende sjochsifers. De rige wurdt sûnt 19 febrewaris 2011 útstjoerd op sneontejûn.
 
== It ferhaal ==
 
[[Will Schuester]] ([[Matthew Morrison]]) dreamt der oan it begjin fan it nije skoaljier fan om de 'Glee club' wer yn syn âlde gloarje te werstellen: as de âlde sjongkootsj ûntslein wurdt, mei er fan 'e direksje de lieding oernimme. Sels wie er jierren lyn lid fan 'e klup en yn syn tiid wie dizze in grut súkses op skoalle en fier dêrbûten. Er docht audysjes en dan docht bliken dat der in pear tige goede sjongers en sjongeressen op syn skoalle sitte: sa komme wy yn 'e kunde mei haadpersoan [[Rachel Berry]] ([[Lea Michele]]), in net sa populêr famke dat dreamt fan in karriêre yn 'e spotlights en grut fen is fan musicals. Neist Rachel fynt Will noch in pear oare koarleden: sa is der [[Mercedes Jones]] ([[Amber Riley]]), in swart famke mei in krêftich lûd; de homoseksuele [[Kurt Hummel]] ([[Chris Colfer]]), dy't troch de jonges fan it footballteam eltse dei wordt narre wurdt; [[Artie Abrams]] ([[Kevin McHale]]) sit yn in rolstoel nei in auto-ûnk en is heal ferlamme en te'n lêsten [[Tina Cohen-Chang]] ([[Jenna Ushkowitz]]), in [[Aazje|Asiatysk]] bleu gothic famke. Elts fan harren is in bûtensteander op 'e skoalle en moat opbokse tsjin de foaroardielen fan in protte fan 'e oare studinten.
 
Om't de klup in pear goede manlike sjongers mist, besiket Will oare studinten oer te heljen om mei te dwaan, mar der binne net safolle bern ynteressearre, ek troch de drok fan oare skoalieren dy't de Glee club mar neat fine. Wannear't er dan ûntdekt dat footballer [[Finn Hudson]] ([[Cory Monteith]]) sjonge kin, betinkt er eat om him ek by it koar te krijen. Troch brûk te meitsjen fan sjantaazje akseptearret Finn it oanbod om yn Glee club sjonge te komme. Nei in skoftke komt ek syn footballfreon [[Noah Puckerman]] ([[Mark Salling]]) by it koar. Puck is de rebel fan 'e skoalle en hat in net al te bêste reputaasje. Wannear't Puck him by it koar foeget, nimt er noch twa freonen mei: [[Mike Chang]] en [[Matt Rutherford]].
 
Dit is tige tsjin it nocht fan cheerleaderkootsj [[Sue Sylvester]] ([[Jane Lynch]]), sjocht hoe't de klup har jild ynpikt en in pear fan har cheerleaders oanwervet. Dêrop betinkt hja in plan: top-cheerleader [[Quinn Fabray]] ([[Dianna Agron]]) en har twa freondinnen [[Santana Lopez]] ([[Naya Rivera]]) en [[Brittany Pierce]] ([[Heather Morris]]) moatten ynfiltrearje by de klup en besykje de klup fan binnenút kapot te meitsjen. Quinn sjocht dat wol sitte, want hja hat sjoen dat Rachel fereale is op Finn en besiket him fan har ôf te pakken. Sa kin se (neist it koar te ferneatigjen) ek har freontsje yn it each hâlde, mar har plannen falle yn it wetter wannear't blykt dat se swier is fan Puck.
 
Sa evoluearret it koar en wy folgje harren op wei nei harren grutte dream: de nasjonale koarenwedstriid winne (nettsjinsteande in protte obstakels dy't se op harren wei tsjinkomme).
 
Oare figueren binne stúdzjeadviseur [[Emma Pillsbury]] ([[Jayma Mays]]), dy't in bytsje fereale is op Will; [[Ken Tenaka]] ([[Patrick Gallagher]]), de footballkootsj fan 'e skoalle dy't wol wat fielt foar Emma en te'n lêsten Wills frou [[Terri Schuester|Terri]] ([[Jessalyn Gilsig]]), dy't materialistysk en egoïstysk is.
 
== Cast hjoed-de-dei ==
 
{| class="wikitable"
| colspan="3" align="center" cellspacing="0" | '''Haadpersoanaazjes'''
|-
| align=center style="background: #E9E9E9;" width=175 | '''Akteur'''
| align=center style="background: #E9E9E9;" width=200 | '''Persoanaazje'''
| align=center style="background: #E9E9E9;" width=100 | '''Perioade'''
|-
| [[Lea Michele]] || [[Rachel Berry]] || 2009 - hjoed
|-
| [[Cory Monteith]] || [[Finn Hudson]] || 2009 - hjoed
|-
| [[Matthew Morrison]] || [[Will Schuester]] || 2009 - hjoed
|-
| [[Amber Riley]] || [[Mercedes Jones]] || 2009 - hjoed
|-
| [[Chris Colfer]] || [[Kurt Hummel]] || 2009 - hjoed
|-
| [[Darren Criss]] || [[Blaine Anderson]] || 2010 - hjoed
|-
| [[Mark Salling]] || [[Noah Puckerman]] || 2009 - hjoed
|-
| [[Kevin McHale]] || [[Artie Abrams]] || 2009 - hjoed
|-
| [[Jenna Ushkowitz]] || [[Tina Cohen-Chang]] || 2009 - hjoed
|-
| [[Dianna Agron]] || [[Quinn Fabray]] || 2009 - hjoed
|-
| [[Naya Rivera]] || [[Santana Lopez]] || 2009 - hjoed
|-
| [[Heather Morris]] || [[Brittany Pierce]] || 2009 - hjoed
|-
| [[Jane Lynch]] || [[Sue Sylvester]] || 2009 - hjoed
|-
| [[Harry Shum, Jr.]] || [[Mike Chang]] || 2009 - hjoed
|-
| [[Chord Overstreet]] || [[Sam Evans]] || 2010 - hjoed
|-
| [[Jonathan Groff]] || [[Jesse St. James]] || 2009-2010 + 2011-hjoed
|-
| [[Jayma Mays]] || [[Emma Pillsbury]] || 2009 - hjoed
|-
| [[Ashley Fink]] || [[Lauren Zizes]] || 2009-2010 - 2011-hjoed
|-
| [[Patrick Gallagher]] || [[Ken Tenaka]] || 2009 - 2010
|-
| [[Jessalyn Gilsig]] || [[Terri Schuester]] || 2009 - hjoed
|-
| [[Iqbal Theba]] || [[Principal Figgins]] || 2009 - hjoed
|-
| [[Mike O'Malley]] || [[Burt Hummel]] || 2009 - hjoed
|-
| [[Dot Marie Jones]] || [[Shannon Beiste]] || 2010 - hjoed
|}