SpongeBob SquarePants: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
FK-4 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
Djip yn 'e oseaan, yn it stêdsje Bikinibroek ([[Ingelsk]]: 'Bikini Bottom') wennet in seepûns dy't SpongeBob SquarePants hyt. Er hat de foarm fan in himmelpûns, is felgiel en hat gatten oer syn hiele lichem. Syn standerd klean binne in brune broek, in reade stropdas, in pear wite sokken en swarte lakskuon. Er wennet yn in ananas tegearre mei syn húsdier, de katêftige seeslak Gerrit (Ingelsk: 'Gary'). SpongeBob wurket as sjefkok yn it ferneamde restaurant 'De Krokante Krab' (Ingelsk: 'The Krusty Krab'), yn in pear ôfleverings ek wol oerset as 'De Koarstige Krab'. Er hâldt fan syn wurk en er stiet yn syn doarp ek bekend as in masterlike kok, dy't de bêste burgers fan 'e seeboaiem makket. Hy leveret syn baas, de krab Menear (Eugene) Krabs, dan ek in protte jild op. SpongeBob is al tige lang bêste freonen mei Patrick Ster (Ingelsk: Patrick Star), in seestjer dy't net sa tûk is, dy't ûnder in rûne rots wennet, twa huzen fierderop fan SpongeBob. De buorman fan sawol SpongeBob as Patrick is de inketfisk Octo Tentakel (Ingelsk: 'Squidward Tentacles'), in gauris nijsgjirrich en saai persoan, dy't in soad argewaasje hat fan syn hyperaktive buorlju, mar ek oer it algemien oer alles wat te kleien haw kin. SpongeBob en Patrick reitsje tegearre tige rap yn swierrichheden, dêrop't in soad fan 'e ôfleverings dan ek op basearre binne. Yn 'e searje besteegje de twa freonen in protte tiid oan kwabbenfiskje. Gauris slute SpongeBob en Patrick freonskip mei ien of mear kwabben, mar deselde bisten foarmje ek gauris in bedriging foar harren.
De opset fan 'e rige is yn grutte linen te ferlykjen mei dy fan animearre searjes as The Simpsons en Family Guy. Ek SpongeBob draait om it libben yn in fiktive stêd folle mei absurde persoanaazjes. Neist SpongeBob komme syn bêste freon Patrick, syn baas Menear Krabs en syn buorman Octo Tentakel yn eltse ôflevering foar. Dêrneist bestiet der in grut oantal bypersoanaazjes en figurantenpersoanaazjes, allegear bewenners fan Bikinibroek, dy't gauris weromkomme. Mar selden wurdt der fan dizze formule ôfsjoen. Yn 'e rin fan 'e searje haw in soad famyljeleden fan 'e haadpersoanaazjes in rol spile, dy't yn guon gefallen fan in hielendal oare diersoarte binne. so hat Menear Krabs in potfisk as dochter. Ek famylje fan Octo en Patrick haw ien of mear kearen in rol spile yn in ôflevering.
 
== Haadpersoanaazjes ==
 
;SpongeBob SquarePants: De giele seepûns dêr't de hiele rige om draait. Er wennet yn in ananas op de boaiem fan in koraalrif. SpongeBob is in opmerklik bliid en posityf persoan en besteget syn dei it leafst oan kwabbenfikje mei syn bêste freon Patrick. Er wurket as sjefkok yn 'De Krokante Krab', eat wat hy graach docht en dêr't er ek tige goed yn is. SpongeBob wurdt oer it algemien ôfbyld as in tige fragyl en swak persoan. Syn deistige trening bestiet û.o. út gewichtheffe mei oankrûpbisten, fêstbûn oan in bambûstôk.
;Patrick Stjer: Patrick is in seestjer dy't altiten al de bêste freon fan SpongeBob west hat. Tegearre meitsje hja de nuverste dingen mei, wat regelmjittich te'n koste giet fan oaren. Mei syn ûnnoazele uterlik en syn mêd fan dwaan, komt er tige dom oer. Wannear't SpongeBob yn de tiis sit mei himsels freget er gauris om rêd fan Patrick, dêr't SpongeBob him as in tige yntelligint persoan sjocht. Troch Patricks advizen rinne SpongeBobs hannelings lykwols meastentiids noch mear yn it hûndert. Patricks hobbys binne sliepe, ite, tillevyzje sjen en omgean mei SpongeBob.
;Octo Tentakel: Octo is in inketfisk en wennet tusken SpongeBob en Patrick yn in hûs dat de foarm fan in byld op it Peaske-eilân hat. Oer it algemien is Octo nijsgjirrich, saai en ûnfreonlik, en besteget hast al syn tiid oan fervje en klarinet spylje, twa dingen dêr't er sels tige goed yn tinkt te wêzen, mar nettsjinsteande it oefenjen net safolle fan bakt. SpongeBob en Patrick haw it tige goed mei him foar en wolle graach syn freon wêze, mar dit is alinne omdat se te nayf binne om te begrypen dat Octo harren hatet. Er wurket as kassiêr by 'De Krokante Krab', in baantsje dat er hatet, ek omdat er mei SpongeBob wurkje moat. Octo dreamt regelmjittich fan in better libben en hat dan ek yn ferskate ôfleverings in poging dien earne oars wenje te gean.
;Eugene Krabs: Menear Krabs is in op Dagobert Duck basearre reade krab. Er wennet yn in grut anker en runt De Krokante Krab. Menear Krabs is in tige gjirrich persoan en hat der dan ek de grutste muoite mei syn personiel te beteljen. Uteinliks draait alles by him om it meitsjen fan winst en is bereid hiel fier te gean om dat te beheljen. Syn pake wie ea in piraat en learde him mei jild omgean. Menear Krabs wie yn syn jongere jierren ek in piraat en wie de kapitein fan in grutte bemanning, mar op in jûn momint boude hy syn skip om yn in restaurant, om't er hast gjin winst makke mei syn plunderings en berôvings. Dit ek omdat er syn personiel tefolle loon joech en dêrom betellet er SpongeBob en Patrick no hast net.
;Sandy: Sandy is in iikhoarn, yn tsjinstelling ta wat har famyljenamme bliken docht, komt hja út Texas.Se gie wenje op de boaiem fan 'e see, dêr't se yn in ûnderseeske kûpel wennet fan pleksiglês, ynrjochte mei in grutte iik en in maaitiid-êftich gersfjildsje. Wannear't hja bûten har kûpel komt draget se in ûnderwetterpak en ferdrinkje net. Sandy is goed befreone mei SpongeBob, mei wa't hja regelmjittich ekstreme sporten beoefenet. Se is in ekspêr op it mêd fan karate en lânbisten en is tige krêftich.
;Plankton: Plankton is in lytse duvelske Plankton dy't it restaurant 'De Maatemmer' (Ingelsk: 'Chum Bucket') runt. Er hat al jierren gjin klant mear hân en docht dêrom ek regelmjittich pogingen om it geheime resept fan Menear Krabs' krabburger te stellen. Uteinliks rint dit altiten wer op in oare manier mis. Eartiids wiene hy en Menear Krabs freonen, mar no binne it inoars grutste fijannen en besykje se inoar tsjin te wurkjen.
;Gerrit de Slak: Gerrit is de hússlak fan SpongeBob. Er is in seeslak, mar sjocht der út as in hússlak en gedraget him as in kat. Hoewol't er allinne mar miaut, komt er gauris folle yntelliginter oer as SpongeBob. Gerrit hat in goede bân mei syn baaske en SpongeBob sjocht him dan ek as syn fertrouwenspersoan.
;Frou Puff: Frou Puff (Ingelsk: Mrs. Puff) is in kûgelfisk en is de rydynstruktrise fan SpongeBob. By it oprjochtsjen fan har rydskoalle hat se sein nea in learling te weigerjen en altiten soargje te bliuwen dat immen slagget, dêr't se in protte spyt fan hat sûnt SpongeBob rydlessen folget. Nei ûntelbere rydlessen en eksamens hat SpongeBob yn al syn ûnhandigheid nammentlik noch hieltyd syn eksamen net helle. By syn leskums rjochtet SpongeBob gauris in protte skea oan, wêrop't folget dat Frou Puff opswelt. It komt ek troch SpongeBob dat Frou Puff in pear kear yn 'e finzenis sit hat.
 
== Lûden fan 'e persoanaazjes ynsprutsen troch: ==